Red River (Mississippy)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It streamgebiet fan de Red River
Red River by Bonham, Teksas

De Red River is in sydtûke fan de Mississippy. De rivier ûntspringt út twa sydtûkken yn de Teksaanske Panhandle. Dêrnei rint de rivier nei it easten en foarmet er de grins tusken Teksas en Oklahoma en in stikje fan dy mei Teksas en Arkansas. By Fulton, yn Arkansas, bûcht de rivier nei it suden rjochting Louisiana dêr't er mûnet yn de rivier Atchafalaya en de Mississippy. De totale lingte fan de rivier is 2190 km. De rivier krige syn namme fan de reade klaai, dy't de rivier ôfset. Sûnt 1943 is de Red River bedamme mei de Denison Daam, sadat de opslachmar Lake Teksoma ûntstien is, in grut wetterreservoir fan 360 km² op sa'n 110 km benoarden Dallas.