Reconquista (Ibearysk skiereilân)
De Reconquista (in Spaansk/Portegeesk wurd foar Werovering; Arabysk: الاسترداد al-ʼIstirdād) wie in perioade fan ûngefear 800 jier yn de midsieuwen wêryn't it in pear kristlike keninkriken op it Ibearysk Skiereilân slagge om de moslims fan it skiereilân te ferdriuwen.
De islamityske oerweldiging fan it Fisigoatyske keninkryk yn de 8e ieu brocht it skiereilân foar it grutste part ûnder islamityske hearskippij, mei útsûndering fan it uterste noarden, de gebieten Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Baskenlân. Nei ieuwen fan oarloggen wie yn de 13e ieu allinnich noch it Keninkryk Granada oer dat yn 1492 ferovere waard, wêrmei't it Ibearysk Skiereilân wer hielendal yn kristlike hannen wie.
Der bestiet ek in Latynsk-Amerikaanske Reconquista dy't him om it jier 1810 ôfspile yn Fenezuela, Kolombia en Meksiko.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reconquista fan Wikimedia Commons. |