Reade boek fan Hergest

Ut Wikipedy
It Reade boek fan Hergest (kollom 240-241)

It Reade boek fan Hergest (Welsk: Llyfr Coch Hergest; Ingelsk: Red Book of Hergest) is in midsiuwsk Welsk manuskript dat yn it tiidrek 13751425 ûntstien is.

It hânskrift is yn de Bodleian Library fan de Universiteit fan Oxford en is bekend as 'Jesus College MS 111'.

It manuskript befettet sawol proazawurk as poëzy. Fychan fab Hywel Goch of Buellt wurdt as de foarnaamste kopiïst beskôge, dy’t it nei alle wierskynlikheid makke hat foar syn wurkjouwer Hopcyn ap Tomas ab Einion út Swansea. It wurk komt oan syn namme fanwege de oarspronklike readlearen bân en Hergest Court yn Herefordshire, dêr’t it gearstald waard.

It earste diel fan it manuskript hat proazawurk, dêr’t de Mabinogion ûnder is, en dêr’t it ien fan de boarnen foar is (de oare is it Wite boek fan Rhydderch). Neist oare ferhalen en histoaryske teksten befettet it hânskrift ek in oersetting yn it Welsk fan de Historia Regum Britanniae fan Geoffrey fan Monmouth.

It oerbliuwend part fan it manuskript jout poëzy en der is ek in ferhanneling oer hielkrûden .

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]