Reade glee

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Reade Glee")
Gean nei: navigaasje, sykje
Reade glee
Milvus milvus R(ThKraft).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Haukeftigen (Accipitridae)
soarte
Milvus milvus

De reade glee (Milvus milvus) is in fûgel út de famylje fan de haukeftigen.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De reade glee is 61 oant 72 grut en hat in wjukspanwiidte fan 140 oant 180 sm. Dermei is er grutter as de mûzebiter mar hy is wol in stik slanker. Wylst de reade glee fljocht is der net te ferwikseljen, wylst der in djip ynsnijde swellesturt hat, wermei hy yn de loft balansjearret sadat sa no en dan de readbrune kleur fan de sturt opljochtet. De rêst fan de fûgel is read mei brungriis. Syn kop is griis mei in giele heakfoarmige snaffel mei swarte punt.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De reade glee komt foar yn in grut part fan Europa. Yn Spanje, Portegal, Itaalje en op de Balkan is de fûgel it hiele jier rûn. Yn Frankryk, Midden- en East-Europa is it in trekfûgel.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De reade glee yt lytse sûchdieren, fûgels, ynsekten en wjirms. Mar se ite ek wol deade dieren, dy't bygelyks oanriden binne of ôffal fan it stoart.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

Yn de maityd begjint de reade glee mei syn baltsflecht, hjirby stoart er himsels fan grutte hichte op syn nêst. De reade glee hat syn nêst heech yn de beammen, meastentiids yn leafbosken, hy brûkt faaks âlde nêsten fan krieen of mûzebiters. It wyfke leit 3 of 4 aaien dy't yn 32 dagen útbredt wurde. De jongen bliuwe dernei noch sa'n 50 dagen op it nêst.