Readboarstke

Ut Wikipedy
readboarstke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readboarstkes (Erithacus)
soarte
Erithacus rubecula
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     eksoat


It readboarstke (Erithacus rubecula) is in fûgelsoarte út de famylje fan de Miggesnappers (Muscicapidae). Troch it oranje boarst en om't er in protte de tunen fan de minsken opsiket is it ien fan fûgelsoarten dy't eltsenien wol kin.

Oare nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Readboarstke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei Readboarstje as Readbarkje.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meast opfallend is fansels de oranje boarst, kiel en ek foarholle. De fearren oan de boppekant binne brún. De búk hat in ljochtgrize kleur. It Readboarstke is sa'n 14 sm grut en waget 10 oant 21,5 gram. It mantsje en wyfke hawwe deselde kleur, de jongen binne minder opfallend. Sy hawwe noch net de oranje kleur en binne brún mei ljochtbrune flekken.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Readboarstke komt yn hiel Jeropa foar. In part fan de readboarstkes binne trekfûgels, foaral de fûgels yn Skandinaavje en Rúslân fleane winterdeis nei West-Jeropa. Se fiele harren thús yn bosken, hagen en tunen mei in protte grien.

Erithacus rubecula

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Readboarstke yt it meast wjirms, ynsekten en slakken dy't se op de grûn fange. Yn de hjerst ite se ek wol beien. Yn de winter is it Readboarstke ien fan de fûgels dy't faak op de foerplanke te sjen is.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst wurdt boud troch it wyfke. It is in komfoarmich nêst dat meast leech by de grûn yn de strûken, tusken beamwoartels of ek wol op de grûn makke wurdt. It bestiet út plantemateriaal lykas moas en gers, beklaaid mei hier en fearren.

Yn maart of april wurdt de earste kear begûn mei it brieden, meastal folget ek noch in twadde briedsel. It wyfke leit 5-7 aaien. De wite aaien mei readbrune flekken wurde yn in twa wiken troch it wyfke útbret.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]