Ratgar fan Fulda

Ut Wikipedy

Ratgar (as Ratger, Radgar, Raitger, latinisearring: Ratgarius) (stoarn 835) wie fan 802 oant 817 de tredde abt fan de abdij fan Fulda.

Yn de amtsperioade fan Ratgar kaam de Karolingyske Renêssânse yn Fulda ta folle bloei. Under syn lieding, waard de nei him ferneamde Ratgar-basilyk, dêr't syn foargonger Baugulf al mei útein set wie, útboud ta de grutste tsjerke benoarden de Alpen. De tsjerke waard útwreide mei in grut dwersskip mei in westlike apsis boppe it grêf fan de hillige Bonifatius. De ynwijing wie yn 819 ûnder syn opfolger, Eigil. Ratgar wie doe al ôfset.

Op de biskopsberch liet er yn 809 de houten kapel troch in stiennen tsjerke ferfange, it lettere kleaster Frauenberg.