Ramadan Aitoty
Ramadan Aitoty (19? - Aldeboarn, 5 jannewaris 2005) wie in Koerd út Irak, dy't yn Nederlân asyl socht en dêr ek ferstoarn is.
Ramadan Aitoty kaam út Mosul, en flecht likernôch 1996 tegearre mei de frou fan syn âldere broer en dy harren bern nei Nederlân. Nei't se in skoftke yn in opfangsintrum libbe hienen, wennen se in skoft tegearre yn Wergea.
Yn de tiid dat syn broer ek nei Nederlân kaam ferfarde Ramadan nei de Tsjerkebuorren yn Aldeboarn. Hy wie yn dat doarp aktyf yn it doarpslibben, lykas de gondelfeart en de kampearpleats. Hy hie Nederlânsk leard, en ek wat Frysk.
Op 5 jannewaris 2005 waard Ramadan Aitoty slim ferwûne yn syn wente fûn, dêr't er hast daalks dêrnei ferstoar. Syn âldere broer wurdt fertocht, om't dy earder op de dei by Ramadan op besite west hie. Hy soe net goedkarre dat Ramadan in relaasje hie mei in frou út Aldeboarn.
De broer bekende letter, mar sei dat syn frou en Ramadan it jierren mei elkoar holden hienen, en dat er nei Ramadan tagien wie om dy te twingen dat ta te jaan. Hy soe net fan doel west hawwe syn broer om te bringen. Lykwols waard er 3 maaie foar de moard op syn broer ta tsien jier finzenisstraf feroardiele.