Ralph Vaughan Williams

Ut Wikipedy
Ralph Vaughan Williams (1920-er jierren)
Stânbyld fan Ralph Vaughan Williams yn Dorking

Ralph Vaughan Williams (Down Ampney, 12 oktober 1872 - Londen, 26 augustus 1958) wie in Britsk komponist fan û.o. symfonyen, geastlike muzyk, opera's en filmmuzyk; hy wie ek dirigint. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste Britske komponisten ea en krige yn 1919 in earedoktoraat yn de muzyk fan de Universiteit Oxford. Dit hie fral te krijen mei it feit dat er him ynsette foar it skeppen fan in Britske nasjonale muzyk.[1] Fanôf de jierren 70 fan de 19e iuw oant yn de jierren 30 fan de 20e iuw wiene in soad Britske intellektuelen dwaande in harren wurk in Britsk nasjonaal gefoel te skeppen (tink oan J.R.R. Tolkien, dy't besocht in mytology foar Ingelân te kreearjen. [2]). Vaughan Williams droech wat muzyk oanbelanget by oan dit nasjonaal stribjen; net yn it lêste plak troch syn betûft redaksje fan — en in stikmannich bydragen oan[3]—de English Hymnal (1906)— in gesangeboek foar in beweging foar muzykherfoarming yn de Anglikaanske Tsjerke en har lekeneifolgers.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ralph Vaughan Williams wie in soan fan in geastlike, dy't al yn 1875 stoar. Hy wie besibbe oan de famylje Darwin; Charles Darwin wie in âld-omke fan him. Hy waard grutbrocht troch syn mem Margaret Susan Wedgwood (1843–1937), in efter bernsbern fan de ferneamde porseleinfabrikant Josiah Wedgwood, yn Leith Hill Place (Surrey). Hy krige dêr fan in muoike syn earste muzykles. Fan 1890 ôf studearre er oan de Royal Academy of Music yn Londen by Hubert Parry en Charles Villiers Stanford. Dêrnei ferfolge er syn stúdzjes fan 1892 oant 1895 by Charles Wood oan it Trinity College fan de Universiteit fan Cambridge en yn 1896 opnij yn Londen, dêr't er befreone rekke mei Gustav Holst. Fierders studearre er by Max Bruch yn Berlyn (1897). Yn 1908 wie er de lêste learling fan Maurice Ravel.

De Darwin-Wedgwood-Galton stambeam, dy't Vaughan Williams's besibbenens oan Charles Darwin en Josiah Wedgwood sjen lit

Fan 1896 oant 1899 wurke er yn Londen as organist. Yn 1903 set er útein mei it sammeljen en publisearjen fan Britske lieten (Bushes and Briars, 1903). Hy kriget grutte niget oan Britske muziek fan de Renessânse. Beide beynfloedzje syn komposysjestyl. In 1905 waard er muzikaal lieder fan it Leith Hill Musical Festival (oant 1953), en yn 1906 publisearret er in nije kristlike lietebondel, The English Hymnal.

Yn 1910 komt syn earste grutte wurk út, A Sea Symphony, in symfony, mar feitlik in grutte kantate foar solisten, koar en orkest op in tekst fan Walt Whitman. Itselde jier waard ek syn Fantasia on a Theme of Thomas Tallis útbrocht. De tweede symfonie, A London Symphony, folget yn 1913.

Yn de Earste Wrâldkriich wie Williams as militêr (hospik) yn Frankryk. Neitiid koe er minder skerp hearre, it begjin fan dôvens, dy't yn de rin fan syn libben hieltyd slimmer wurde soe. De oarlochstiid hat djippe yndruk op him makke en hawwe syn tredde symfony, de Pastoral Symphony foar sopraan en orkest, tige beynfloede en ek Flos Campi, in wurk foar solofioele, lyts orkest en koar sûnder tekst. Yn 1919 waard er dosint foar komposysje oan het Royal College of Music yn Londen (oant 1938). Hij dirigeerde ook de uitvoeringen van zijn eigen werken.

Transskripsje troch Ralph Vaughan Williams út 1908 fan folksmuzyk, mûnling oerlevere

Williams krige foar syn wurk in protte prizen. It ballet Job út 1930 nei it bibelske ferhaal fan Job, de fjirde symfony (1935) en ek de nei de Twadde Wrâldkriich komponearre fiifde en seisde symfony waard er tige bekend mei. De fjirde symfony stie yn dramatysk kontrast mei it eardere "pastorale" orkestwurk dêr't er earder fral mei assosjearre waard; in wurk fol fan spanning, drama, en dissonanten. Fan begjin ôf oan wie it publyk dêr troch ferbjustere. Williams joech ta dat dit wurk in folslein oar wurk wie en sei der oer, "I don't know if I like it, but it's what I mean." Fan dan ôf wurdt syn wurk ek lyrysker.
Yn Ingelân en it bûtenlân krige syn namme ek klank troch syn muzyk foar harmoanyorkest of militêre kapel. Hiel populêr is ek syn Fantasy op it Renaissance liet Greensleeves foar strykorkest.

Foar de kroaning fan Keningin Elizabeth II skreau er in arrangemint fan it koraal All people that on earth do dwell, in ferzje fan Psalm 100 mei de melody The Old 100th as "offertorium".

Syn opera's hie er net safolle súkses mei en ek de oratoaryske opera The Pilgrim's Progress nei John Bunyan, dêr't er mear as fjirtich jier oan arbeide hie, waard minder goed ûntfongen.

Vaughan Williams is begroeven yn Westminster Abbey.

Vaughan Williams wie in sintrale figuer yn de Britske muzyk fanwegen syn lange karriêre as learaar, akademysk dosint en freon fan in soad jongere komponisten en diriginten. Syn skriuwerij oer muzyk bliuwt útdaagjend, foaral syn oproppen oan eltsenien om dochs fral harren eigen muzyk te meitsjen; as dy mar oarsronklik is, dan is it goed.

Houliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Williams troude twaris. Earst mei Adeline Fisher (dochter fan de histoarikus Herbert William Fisher) yn 1896. Hja stoar yn 1951 nei in protte jierren lijt te hawwen fan artritis.

Yn 1953 boaske er de 40 jier jongere dichteresse Ursula Wood (1911–2007). Yn dy snuorje ferhuzen sy fan Dorking, Surrey, werom nei Londen en wennen sy op 10 Hanover Terrace, Regents Park. Sy moete Vaughan Williams yn 1938 en sy setten útein mei in ferhâlding wylst beide noch troud wienen. Nei de dea fan har earste man, bleau Wood by Williams. Ursula waard Ralph's literêr adviseur en assistint. Sy skreau it libretto fan syn wurk foar koar The Sons of Light, en hat ek bydroegen oan The Pilgrim's Progress en Hodie.[4] Ut beide houliken krige Williams gjin bern.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Michael Jameson, Ralph Vaughan Williams. An Essential Guide to his Life and Works (Londen 1997).
  • Michael Kennedy, The Works of Ralph Vaughan Williams (Londen 1964).
  • Ralph Vaughan Williams, National Music and Other Essays (Londen 1963).
  • Ursula Vaughan Williams, R. V. W.: A Biography of Ralph Vaughan Williams (Londen 1964).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Michael Kennedy, The Works of Ralph Vaughan Williams (Londen 1964) sd. 1-12 en 23-40.
  2. Humphrey Carpenter, J. R. R. Tolkien: A Biography (Londen 1977; 2002) s. 125.
  3. Michael Kennedy, 'Vaughan Williams and his symphonies', in: een boekje bij CD-opnames van Vaughan Williams' symfonieën door het London Philharmonic Orchestra o.l.f. van Bernard Haitink (uitgeven door EMI Classics).
  4. Ursula Vaughan Williams (obituary) [1] The Times, 25 oktober 2007, sjoen op 2007-10-24.