Raggsjö

Ut Wikipedy

Raggsjö is in plakje yn de Sweedske lânskip Västerbotten.

Torgny Lindgren syn âlderlik hûs yn Raggsjö

Raggsjö waard stifte yn 1773 troch Olof Jonsson-Norberg, berne yn 1754. De misjonêre kongregaasje waard stifte yn 1928, doe't in tsjerke boud waard yn Raggsjö. Yn 1990 waard it missyhûs fan Raggsjö oerdroegen as in geskink oan de doarpsmienskip. It hûs wurdt no as aula brûkt. De skoalle fan Raggsjö waard boud yn 1940. Oant dy tiid waard les jûn yn de huzen fan it doarp. De lêste studint gie yn 1966 fan skoalle.

Auteur en Akademylid Torgny Lindgren is hikke en tein yn it doarp. Hy is oplaat as learaar en gie nei syn âlde skoalle foardat dy ûntbûn waard. Syn jeugd hat syn skriuwen kleure, dêrûnder it faak foarkommen fan tuberkuloaze