Rafael van der Vaart

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rafael van der Vaart

Rafael Ferdinand fan der Vaart (Heemskerk, 11 febrewaris 1983) is in Nederlânske fuotballer, dy't spilet foar Real Madrid en it Nederlânske fuotbalalvetal.

Klubfuotbal[bewurkje seksje | edit source]

Ajax[bewurkje seksje | edit source]

Fan der Vaart fuotballe by De Kennemers yn Beverwijk en stapte dêrnei oer nei AFC Ajax. Hy debutearre hjir op 19 april 2000, yn de útwedstriid tsjin FC Den Bosk. Op 20 oktober fan dat jier makke hy syn earste kompetysjedoelpunt foar de Amsterdamske klub, yn de mei 4-2 wûne wedstriid tsjin Roda JC.

Hamburger SV[bewurkje seksje | edit source]

Op 27 maaie 2005 makke Fan der Vaart syn oerstap nei it Dútske HSV bekend. De transfersom wie € 5 miljoen Hy hoopte troch de transfer wer rêst en foarm te finen, dy’t hy by Ajax ferlern wie. Op freed 10 juny 2005 troude Van der Vaart mei Sylvie Meis. Se hawwe in soantsje: Damián Rafael, berne op 28 maaie 2006.