Racquetball

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Racquetball is in symmetryske slachsport. It wurdt spile mei koarte rackets makke fan titanium, en mei in holle bal fan rubber, op in spesjale racquetball-baan. It is in slachsport tsjin de muorre, mar yn dit gefal mei eltse muorre en ek de flier en de souder rekke wurde. Raquetball kin yn inkelspul spile wurde, mei twa of mei trije spylders, of yn dûbelspul mei fjouwer.

Raquetball is yn 1949 yn Amearika betocht troch tennisleraar Joe Sobek. It hjitte doe 'Paddleball', nei de houten peddels dêr't mei spile waard. Mar omt der hieltyd mear mei rackets spile waard is de namme yn 1969 feroare yn 'Racquetball'.

It spul waard spile yn keatshallen, en hat hieltyd noch dy ôfmjittings. Dêrmei is de baan wat djipper as dy fan skwash, wat tegearre mei de bal dy't wat makliker stuitsje wol, soarget foar in wat sneller spul. Wat de spulregels oangiet: dy binne frijwol gelyk oan dy fan de 4-muorrefariant fan it muorrekeatsen. By it racquetball is lykwols in ekstra feilichheids (stippel)line yn it fjild oanbrocht, om de kâns lytser te meitsjen dat de spilers elkoar mei it racquet reitsje. Yn lannen dêr't it klimaat dêr ta útnoeget, wurdt it spultsje ek wol bûtendoar spile yn in 3- as 1-muorre fariant.

Yn Fryslân kin allinnich yn Frjentsjer Racquetball spile wurde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]