Quake

Ut Wikipedy
Quake
Untwikkeler(s) id Software
ClickBOOM (Amiga)
Lobotomy Software (SS)
Midway Games (N64)
Publisearder(s) GT Interactive (PC)
PXL Computers (Amiga)
MacSoft (Macintosh)
Sega (SS)
Midway Games (N64)
Macmillan Digital Publishing USA (Linux)
Sjenre First person shooter
Modes Single-player, multiplayer
Direkteur John Romero
Untwerper(s) John Romero, American McGee, Sandy Petersen, Tim Willits
Programmeur(s) John Carmack, Michael Abrash en John Cash
Artyst(en) Adrian Carmack, Kevin Cloud
Komponist(en) Trent Reznor
Engine Quake engine
Slavedriver (SS)
Ferzje 1.08 (MS-DOS)
1.09 (WinQuake)
1.09/0.98 (GLQuake)
Platform(s) MS-DOS, Mac OS, Sega Saturn, Nintendo 64, Amiga, Linux
Media Compact disc (1), download, cartridge
Quake en besibbe spultsjes.

Quake is in populêr kompjûterspul ûntwikkele troch id Software.

It spul is in first person shooter, krekt as Wolfenstein 3D en Doom, dêr't de spiler troch de eagen fan in personaazje sjocht en opdrachten útfiere moat of simpelwei 'fijannen' delsjitte moat. Quake is benammen populêr as netwurkspul, dêr't meardere spilers by tsjininoar spylje.

Quake makket brûk fan it frag-skoaresysteem. Fan Quake binne meardere dielen makke: Quake II, Quake 3 Arena en Quake 4.

Mei de tredde útjefte fan Quake kaam de Arena-engine út, in spulsysteem om mei meardere spilers oer it ynternet of LAN te spyljen.

Yn 1999 waarden dielen fan de boarnekoade fan Quake frijjûn ûnder de GPL. Dêrtroch is it spul ek populêr wurden ûnder wittenskippers yn 'e keunstmjittige yntelliginsje, dy't bygelyks kompjûtertsjinstanners 'tûker' besykje te meitsjen.

Foar alle nivo's wurdt alle kaartynformaasje yn in BSP-triem bewarre, dy't spilers mei help fan in kaartebewurker ek sels meitsje kinne.

It ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Quake wurdt yn 'e 22e iuw it minskdom oanfallen troch in barbaarsk bûtenierdsk ras bekend as de Strogg. De reden fan harren oanfal is dat se minsklike/dierlike ûnderdielen nedich hawwe om harren leger oan te foljen: de Strogg binne nammentlik in masineras dat ferstoarne tsjinstanners meganisearret om harren wer ta libben te bringen (as it nedich is), harren sterker en folslein willeas te meitsjen. Wannear't der op ierde hast gjin natoerlike boarnen mear binne begjint it minskdom mei in tsjinoffensyf op de Strogg thúsplaneet: Stroggos. Dan komme se der efter dat de Strogg tinke en kommunisearje troch in kompjûtersysteem bekend as de Nexus. De lieder fan de Strogg is de Makron, in rinnend arsenaal.