Pytagoras

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pytagoras, Romeinske kopy nei in Gryksk orizjineel, Musei Capitolini

Pytagoras (Gryksk: Berjocht:Grc) (Samos, ± 572 f.Kr.Metapontum, ± 500 f.Kr.)[1] wie in Gryksk wiskundige, wiisgear, filosoof en herfoarmer. Hy waard troch guons as ien fan de Sân Wizen beskôge.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Pytagoras waard berne op Samos, ien fan de doe wolfarrende Grykske eilannen yn de Egeyske See. Hy krige fan jongs ôf oan in goede opfieding en oplieding. Neffens de oerlevering hat hy in soad reizen makke nei it Alde Egypte en it Easten. Hy stribbe harmony en reinheid fan de siel nei, wat neffens him befoardere wurde koe troch ûnder oare de kennis fan getalferhâldingen. Dizze ferhâldingen behearskje neffens syn lear it hielal, sa't se bygelyks ek werom te finen binne yn de muzyk. Pytagoras ûntdekte ek de muzikale boppetoanenrige mei de ferhâldingen fan ferskate ynterfallen, troch in spande snaar op ferskillende punten ôf te klamjen. Hy wie in tige betûft lyra-spiler.

Filosofy en religy[bewurkje seksje | edit source]

Aristoteles fette de lear van Pytagoras en syn opfolgers sa gear:

  • de dingen binne getallen
  • de heule himel is harmony en getal

Pytagoras wie oertsjûge fan de ûnstjerlikheid fan de siel en ûnderwiisde de reïnkarnaasje. Dat is ek de reden wêrom't hy gjin fleis iet; lange tiid waarden fegetaarjers ek wol pytagoreeërs neamd.

Pytagoras syn religjeuze foarstellingen wienen grif fan Easterske Yndyske oarsprong. Hy leaude yn sielsferhuzing.

"Neffens dizze [foarstellingen] makket de ûnstjerlike siel fan de mins in lang lotteringsproses troch yn hieltiten wernijde belichemings, wêrby't se ek de dierlike stalte oannimme kin. Yn ferbân dêrmei stiet, lykas yn Yndia, it gebod gjin bist te deadzjen of te offerjen, en him fan dierlik fiedsel te ûnthâlden. Omdat as doel fan it libben sjoen wurdt de siel troch reinheid en frommens út de omrin fan de werberten te ferlossen, fertoant de Pythagoreïske etyk mei Yndia besibbe trekken: selstucht, ynbannigens, ûnthâlding steane yn i mulpunt." (Hans Joachim Störig, 1964)

Pytagoras kombinearre foar it earst wiskunde mei teology. Dizze kombinaasje sille wy leter tsjinkomme by Plato, mar ek by de midsieuske teologen, by Baruch Spinoza en by Leibniz en letter sels by Kant. Pytagoras hat altiten in grutte ynfloed op it tinken útoefene.

Stelling fan Pytagoras[bewurkje seksje | edit source]

Bewijs stelling van Pythagoras.jpg

De stelling fan Pytagoras is grif de bekendste stelling yn de wiskunde. 'Syn' stelling wie lykwols allinich mar nij foar de Griken. Yn Babyloanje wie it resultaat al folle langer bekend. De stelling seit wat oer de relaasje tusken de rjochthoekssiden en de skeane side (hypotenusa) fan alle rjochthoekige trijehoeken.

Yn de rjochthoekige trijehoek ABC binne de siden a en b de rjochthoekssiden. De side c neame wy de skeane side of hypotenusa.

De stelling fan Pytagoras is:

"Yn in rjochthoekige trijehoek is it kwadraat fan de lingte fan de hypotenusa (skeane side) lyk oan de som fan de kwadraten fan de lingtes fan de rjochthoekssiden."

Oars formulearre:

a^{2} + b^{2} = c^{2}

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Encyclopædia Britannica 2008 Ultimate Reference Suite:'Pythagoras'
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Pythagoras en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.