Prosser (Washington)

Ut Wikipedy
Prosser
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Benton County
Boargemaster Paul Warden
Sifers
Ynwennertal 5714 (2010)
Oerflak 11,73 km²
Befolkingsticht. 491,4 / km²
Hichte 203 m
Oar
Stifting 1885
Postkoade 99350
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.cityofprosser.com

Prosser is in plak (city) en de haadstêd fan Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 5714 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 5799. It plak leit 49 km bewesten Kennewick. De rivier de Yakima rint troch it plak hinne. It plak leit yn it eastlik útein fan de Yakima Fallei.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benton County Rjochtshûs

De earste bewenners wiene yndianen fan de stam Yakama. Kolonel William Ferrand Prosser, wa't in kolonel yn it Amerikaanske (Union) leger wie yn de Boargerkriich, kaam yn 1879 en ûntjoech it gebiet. Yn 1882 makke er it syn wente. It Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) boude it spoar 2 jier letter en yn 1885 ûntwurp W.F.Prosser de plattegrûn fan de stêd. Hy waard yn 1886 keazen ta skriuwer fan Yakima County, wêr't Prosser doe noch ûnder foel, en hy ferhûze nei North Yakima, en kearde nea wer nei Prosser werom. Lewis Hinzerling boude yn1887 in mealderij en dat brocht noch mear minsken nei it plak. Yn 1893 waard de earste bewetterings feart útgroeven troch it Prosser Lân en Bewetterings Bedriuw (Prosser Falls Land and Irrigation Company) en sa koe lânbou yn gruttere skaal mooglik makke wurde. Yn 1899 waard Prosser offisjeel in gemeente (incorporated) en hie in ynwennertal fan 229.

Yn 1905 waard Benton County foarme út de eastlike parten fan Yakima County en Klickitat County en Prosser waard oanwiisd as haadplak. Yn 1907 kaam der in stroom fersoarging bedriuw en it plak krige stroom. In jier letter waard der in skoalle boud, wêrnei yn it folgjende jier in telegraaf útwikseling der kaam. Yn 1910 krige it plak in jefte fan Andrew Carnegie foar it bouwen fan in iepenbiere biblioteek. Yn de 1910 en 1920er jierren waard besocht nei oalje en gas te boarjen, dochs waard der net in soad fûn en mei de Grutte Depresje kaam der in ein oan.

Op 5 novimber 1912 koene stimrjochtigen yn Benton County fia in referindum stimme om it bestjoer fan de county te ferhûzjen nei Kennewick of Benton City. Dit gie mei grutte bekfjochterijen tusken de 3 plakken foarôf. Mei noch gjin 60% fan de stimmen foar Kennewick, dy't wetlik helle wurde moasten, hold Prosser it bestjoer en is hjoeddedei noch hieltyd sa.

Yn 1919 boude de universiteit fan de steat (Washington State College no Washington State University) in bewetterings eksperimintt stasjon yn it plak dat wurke mei de boeren, ranchers en fruithôven eigeners om hoe gewoeksen goed te wetterjen, om't it yn dizze omkriten fan de steat drûch is. It sjasjon wurket gear mei de ministearjes fan lânbou fan de steat (WSDA) en it lân (USDA).

Yn 1926 waard it rjochthûs boud en yn 1968 waard it Benton County Histoarysk Museum iepensteld.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Syrah makke troch Prossenaar Jarrod Boyle fan Alexandria Nicole Cellars. De wynmakkerij hat in priuwkeamer yn Prosser.

Jierlikse aktiviteiten, wêrby de measten yn it ramt stean fan de wyn, dy't yn de omkriten makke wurdt:

  • Maaitiids Wynfet Priuwerijen (Spring Barrel Tastings), yn april guon wynhôven hawwe wyn priuwerijen.
  • Boeremerke (Farmers Market), begjint yn maaie en rint elts wykein oant en mei de rispinge.
  • Old Fashioned 4th of July, yn it stêdspark, mei in berne-optocht, autosjo, fjoerwurk, poadiumoptredens, ensfh.
  • Art Walk and Wine Gala, wyn priuwerijen yn july.
  • Prosser Wyn en Itens Merke (Prosser Wine and Food Fair), eltse 2e sneon yn augustus, ien fan de grutste festivals fan de omkriten wêr't mear as 30 wynhôven en mear as 20 iterijen nei de merke komme om priuwerijen oan te bieden.
  • Prosser State's Day Celebration, earste moandei yn septimber op Labor Day, wêr optochten en karnaval yn it park
  • Grut Loftballon Feest, yn mid septimber, wêr loftballonnen de loft yn gean.
  • Rispinge Merke, tagelyk mei it loftballonfeest.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prosser hat in drûch lân klimaat mei in gemiddeld jierliks wetterdelfal fan 206,1 mm.

Ferkear en ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prosser leit oan de rivier de Yakima en de rykswegen 12 en Yntersteat 82. Dêrmei leit it geunstich foar bedriuwen. De wichtichste boarne fan ynkommen is de lânbou en benammen de fruithôven, wêrfan de wynbou de wichtichste is. Der binne sa'n 40 wynhôven yn de tichte omkriten. Der binne in stikmannich wynmakkerijen yn it plak. Der binne ek in stikmannich fruit ferwurkerijen en -pak en warehûzen. Der binne ek 2 lytse bierbrouwerijen. Prosser hat in iepenbier skoalle systeem fan beukerskoalle oant en mei it fuortset ûnderwiis. Der is ek in ûnderdiel fan de universiteit fan Washington, it eardere eksperimints stasjon. Prosser leit deun tsjin de Horse Heaven Hills heuvelrige oan. Guon wiken wurde al op de frij steile helling boud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: