Pristina

Ut Wikipedy
Pristina
Priština / Приштина
Sintum fan Pristina
Sintum fan Pristina
Polityk
Lân Kosovo
Regio Pristina
Sifers
Ynwennertal 204,7250 (2015)
Oerflak 854 km²
Befolkingsticht. 661 / km²
Hichte 652 m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Offisjele webside
Offisjele webside (Albaneesk)
Keizerlike Moskee, Pristina

Pristina (Albaneesk: Prishtina of Prishtinë; Servysk: Приштина, Priština) is de haadstêd fan Kosovo. De stêd hat in befolking dy't meast út etnyske Albanezen bestiet, fierders binne dêr etnyske Servjers en in Roma-minderheid. De stêd hat in eigen universiteit en ynternasjonale lofthaven.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Pristina groeide yn de midsiuwen op de ruïnes fan de troch keizer Justinianus I fan Byzantium fannijs boude stêd Ulpiana, sa'n 15 kilometers besuden de lizzing fan de stêd fan no. Omdat Pristina op it krúspunt fan ferskate Balkan-hannelswegen lei, profitearre it fan de hannel en koe it har ek ûntjaan as stêd mei mynbou. De Albaneeske befolking fan Kosovo beskôget har as neisiet fan de pleatslike Illyljers, dy't dêr al taholden foar de komst fan de Slavyske folken.

Letter makke kening Milutin Pristina syn haadstêd, wat ek sa bleau ûnder oare servyske hearskers fan de Nemanjić- en Branković-dynastieën. Nei de Slach om Kosovo yn 1389 foel de stêd yn hannen fan de Ottomanen. It oarepart fan Servje folge yn 1459. De stêd waard stadichoan hieltyd mear Turks; yn de 17e iuw bestie it grutste part fan de befolking út ta de islam bekearde Slaven, en net drekt út Albanezen.

Yn 1912 hearde de stêd, en hiel Kosovo, oan de jonge Albaneeske steat. It neifolgjend jier waard dy steat lykwols twongen om Kosovo wer oan Servje ôf te stean. Ein 40er jierren fan de 20e iuw begûn it Turkske karakter fan de stêd ûndúdliker - benammen troch migraasje nei de doe nije Turkske steat, dy't etnyske Turken fan bûten Turkije oanluts om regio's te befolkjen dy't meast troch Griken en Armeenjers bewenne waarden.

Yn 1946 krige Pristina de status fan offisjeel haadplak fan de Servyske provinsje Kosovo i Metohija, faak ôfkoarte ta Kosmet. Letter waard dy provinsje de facto fan de republyk Servje losmakke en krige it fanwege de Joegoslavyske grûnwet fan 1974 in suver gelikense status as de seis republiken fan Joegoslaavje. Formeel waard it gebiet autonoom binnen Servje. Oant de ôfskaffing fan de Kosovaarske grûndwetlike autonomy yn 1989 hie Kosovo in eigen parlemint, regearing en rjochtspraak.

Nei de Twadde Wrâldkriich stiigde it befolkingstal enoarm, fral ûnder de Albaneeske befolking. Yn 2004 wie goed 98% fan Pristina Albaneesk.

Befolkingsûntjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1486 - 392 famyljes
  • 1569 - 692 famyljes
  • 1669 - 2060 famyljes
  • 1685 - 3000 famyljes
  • 1689 - 4000 famyljes
  • 1850 - 12.000 ynwenners (3000 famyljes)
  • 1902 - 18.000 ynwenners (3760 famyljes)
  • 1921 - 14.338 ynwenners
  • 1931 - 18.358 ynwenners (41% Turksk, 31% Servysk, 13% Albaneesk)
  • 1948 - 19.631 ynwenners (4667 famyljes)
  • 1953 - 24.229 ynwenners (37% Albaneesk, 33% Servo-Montenegrynsk, 20% Turks)
  • 1961 - 38.593 ynwenners (9059 famyljes: 49% Albaneesk, 38% Servo-Montenegrynsk, 1% Kroatysk)
  • 1971 - 69.514 ynwenners (14.813 famyljes: 59% Albaneesk, 28% Servo-Montenegrynsk, 6% Roma)
  • 1981 - 108.083 ynwenners (21.017 famyljes: 70% Albaneesk, 19% Servo-Montenegrynsk, 5% Roma)
  • 2003 - 165.844 ynwenners

Yn en om Pristina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Beskriuwing Byld
Nij Berne De Nijberne-obelisk, oantins fan Kosovo's ûnôfhinklikens op 17-02-2008.
Rilindja Toer Gebou eardere krante "Rilindja", it heechste fan Pristina.
UNMIK haadkertier Haadkertier United Nations Interim Administration Mission yn Kosovo
Mem Teresa bûlevaar Mem Teresa bûlevaar.

Gebou Ministearje fan Kultuer Ministearje fan Kultuer
OSCE Building OSCE gebou
Museum fan Kosovo It Kosovo Museum hat in grutte kolleksje archeologyske en etnyske artefakten[1]
Fuotbalstadion fan Pristina Fuotbalfjild fan KF Prishtina

Berne yn pristina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kosovo contest for state symbols, by Nick Thorpe, BBC, Priština, 4 June 2007. Retrieved on 21 February 2008.