Prinskeswurk

Ut Wikipedy
De wjukken fan de Houthuizer Mole binne mei prinskeswurk beskildere

Prinskeswurk is de beskildering fan in wynmole yn de kleuren read, wyt en blau, dat benammen yn de Saanstreek dien waard. Op ferskeidene moles is de wipstok (fangstok) fan de fang mei slingere prinskeswurk beskildere.

Sa is de fangstok fan De Onrust yn Oude Pekela en dy fan de De Vos yn de gemeente Steenbergen mei prinskeswurk beskildere.