Praia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Praia
Praia fanút de loft besjoen
Praia fanút de loft besjoen
Sifers
Ynwennertal 130.271 (2010)
Polityk
Lân Kaapverdje
Oar
Tiidsône UTC -1
Koördinaten 14° 55' NB, 23° 31' WL

Praia is de haadstêd fan Kaapverdje, in ûnôfhinklike eilannekloft yn de Atlantyske Oseaan en leit op it eilân Santiago (Portugeesk: São Tiago). It is de wichtichste en grutte stêd fan it lân en wenje ûngefear 62.000 minsken.

Kaapverdje, dat oant 1975 in Portugeeske koloanje wie, leit foar de kust fan West-Afrika te suden fan de Kanaryske Eilannen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Praia is foar skippen op wei nei it Heine Easten of Brazylje it bêste plak om foar anker te gean. Dat wie al sûnt de 15e ieu yn Jeropa bekend. Yn 1615 ûntstie der in delsetting dat stadich útwreide ta in stêd en sûnt 1770 ta haadplak fan it eilân waard.

Neffens de Mechelske reizger Jean Francois Michel, dy't yn 1752 de stêd en it eilân wiidweidich beskreau, is de boaiem der sânnerich, wylst de rest fan it eilân út slib bestiet.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

Monuminten yn de stêd binne Albuquerque Square, it âlde stedhûs, it Presidinsjeel Paleis, dat boud waard op de ein fan de 19e ieu om de Portugeeske gûverneur te hûsfêstigjen, it Museu Etnográfico (etnografysk museum) en it Monumento de Diogo Gomes, neamd nei de Portugeeske seefarder dy't it eilân Santiago yn 1460 ûntdekte.

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Praia fan Wikimedia Commons.