Postsegelsammeljen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Postsegels garjen)
Francois Barraud, De filatelist, 1929

It postsegelsammeljen, postsegelgarjen of filately is de aktiviteit fan minsken om as hobby en/of beropsmjittige wize postsegels byïnoar te bringen.

Postsegelsammelingen wurden meastens neffens lân opbout, mar faken ek neffens tema (tematysk postsegelgarjen), bygelyks romtefeart, blommen, flinters of komponisten. Yn guon lannen wurde spesjaal foar samlers in grut tal postsegels printe. De grutste postsegelsammeling hat it Britsk Museum yn Londen. It museum foar kommunikaasje yn De Haach hat ek in grutte sammeling, mei ûnder oaren in eksemplaar fan ien fan de seldsumste postsegels op de wrâld: de blaue Mauritsius.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]