Port Fila
| Port Fila | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 29.356 (2000) | |
| Oerflak | km² | |
| Befolkingstichtens | / km² | |
| Hichte | m | |
| Polityk | ||
| Lân | Fanuatû | |
| Provinsje | Sjeva | |
| Oar | ||
| Koördinaten | ||
Port Fila is de haadstêd en grutste stêd fan Fanuatû. It leit oan de súdkust fan it eilân Efate, yn de provinsjein Shefa. It ynwennertak wie yn 1999 29,356, 55% mear as by de telling fan 1989. Port Fila is it ekonomyske en kommersjele sintrum fan Fanuatû.
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet dêr't Port Fila leit hat al tûzenen jierren bewenne west troch Melanesysken folken. Yn 1606 kamen de earste Europeanen oan by it eilân, laat troch Pedro Fernández de Quirós en Luis Váez de Torres. Yn de 19e ieu stiften Frânske lânferhuzers it plak Franceville op de Nije Hebriden en ferklearren har ûnôfhinklik yn 1889. It waard de earste selsstannige steat dêr't net op geslacht of ras diskriminearre waard wat it kiesrjocht oanbelange. Hoewol't de befolking yn dy tiid út 500 lânseigen eilanners bestie en dêr mar 50 blanken sieten, mochten allinne de lêsten in publike funksje beklaaie. Ien fan de keazen presidinten wie de Amerikaan R.D. Polk.[1]
Nei 1887 waard it territoarium tagelyk troch sawol de Frânsen as de Britten bestjoerd. Dy regeling waard offisjeel fêstlein yn 1906 as in Ingelsk-Frânsk Condominium. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Port Fila in Amerikaanske en Australyske loftmachtbasis. Yn 1987 rekke de stêd swier skansearre troch de sykloan 'Uma' en de ierdskodding fan jannewaris 2002 feroarsake ek in protte skea yn de stêd en omkriten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Port Vila fan Wikimedia Commons. |