Pompejy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Pompejy (Italjaansk: Pompei) is in gemeente en in Romeinske stêd yn de Italjaanske provinsje Napels (regio Campania) en telt 25.726 ynwenners (31 desimber 2004). De oerflakte is 12,4 km², de befolkingstichtens is 2146 ynwenners de km².

Pompejy wie ek de namme fan in provinsjestêd mei sawat 20.000 ynwenners dy't bestie fan de 7e ieu foar Kristus oant yn de earste ieu nei Kristus. Osken, Samniten, Griken, Etrusken en Romeinen lieten der allegearre harren spoaren efter. Pompejy, dat yn 62 n.Kr. al troch in ierdskodding troffen wie, waard yn 79 bedutsen troch jiske as gefolch fan in útbarsting fan de Fesuvius. It is dêrtroch ien fan de bêst bewarre Romeinske stêden wurden.

Nei't de earste oerbliuwsels al oant de ein fan de sechstjinde ieu ûntdutsen waarden, wurde al sûnt de 18e ieu argeologyske opgravings ferrjochte. Sûnt dy tiid binne grutte parten fan de stêd bleatlein en jout it plak in goed byld fan it doetiidsk Romeinske deistich libben. Pompejy stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO en is in wichtige toeristeattraksje dy't alle jierren sa'n 2,5 miljoen besikers lûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mary Beard, Pompeii. Het dagelijks leven in een Romeinse stad. Oerset troch Boukje Verheij, Amsterdam: Athenaeum-Polak & Van Gennep 2009 (oersetting fan: Pompeii. The Life of a Roman Town, 2008)

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Pompeii en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.