Pomoaren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Noardlike seerûte
Malye Korely, in 17e ieusk Pomoare-doarp, 28 km east fan Arkhangelsk.
Pomoaren, begjin 20e ieu

Pomoaren (Russysk: поморы; pomory) is in etnonym foar de bewenners fan it Russyske Noarden, benammen yn de krite Pomoarje. Oarspronklik binne de Pomoaren Russyske migranten, dy't harren fêstigen oan de kusten fan de Wite See en de gebieten fan rûchwei de hjoeddeiske oblast Archangelsk en Vologda befolken. De Pomoaren wurde dêrom ek wol in subetnos fan de Russen neamd. Bekende Pomoaren wiene Michail Lomonosov, Fedot Sjoebin, Semjon Dezjnjov en Jerofej Chabarov.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn de 12e ieu lutsen bewenners fan Novgorod oer de Noardlike Dvina en de Onega nei de Wite See en stichten dêr delsettings oan de kusten. Letter giene hja fierder nei de kriten oan de kust fan de Barentssee, it skiereilân Kola, Spitsbergen en Nova Sembla. De Pomoaren bedarren ek oan de oare kant fan Oeral yn Noard-Sibearje, dêr't hja om 1500 hinne be-easten fan it Jamal-skiereilân de hannelsstêd Mangazeja stiften. De noardlike hannelsrûte tusken Archangelsk en Sibearje waard fan de Pomoaren ûntdutsen en befard. Foar't Archangelsk yn it opkommen wie, oan it ein fan de 16e ieu, wie Cholmogori harren wichtichste stêd.

Fan de 12e oant de 15e ieu wie Pomoarje in grutte koloanje fan Grut Novgorod. Begjin 16e ieu wie de anneksaasje fan Pomoarje troch Moskou lykwols foltôge. Yn de 17e ieu wiene der 22 Pomoaredistrikten. De mearderheid fan de befolking bestie doe út frije boeren. In diel fan it lân wie yn hannen fan kleasters en de Stroganov hannelers, mar der wiene gjin oare lâneigners yn Pomoarje. De Pomoaren wiene fral fiskers, mar wiene ek dwaande mei de winning fan mika en sâlt en oare ûndernimmingen.

De Pomoaren hawwe altyd Russysk-ortodoks west.

Dat, tradysjoneel wienen de Pomoaren fral dwaande mei fiskfangst, walfiskfeart en oare formen fan jeien, sa as de pelsjacht. Yn de toendra hâlden hja ek rindieren. De nôt- en fiskhannel mei Noarwegen wie ek foarnaam, sa wichtich sels dat der om 1750 hinne in Ryssysk-Noarske Pidgin-taal ûntstien wie bekend ûnder de namme Russenorsk. Dizze hannelstaal waard oan de Noarske kusten brûkt oant likernôch 1920.

Nei it ferdwinen fan de Sovjet-Uny frege men him ôf oft de Pomoaren as in apart folk beskôge wurde koe en op grûn dêrfan rjocht hiene op in eigen autonome republyk. Om't it gie om etnyske Russen waard dat lykwols neat. By de Russyske folkstelling fan 2002 neamden mar 6.571 minsken harsels Pomoaren, op 127 nei kamen dy allegearre út de oblast Archangelsk.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De Pomoaren sprekke in Noard-Russysk dialekt, dat in protte argayske trekken fan it Russysk behâlden hat. It wichtichste skaaimerk fan dizze dialekten is it saneamde ókanje (оканье - "o sizzen"): de o sûnder klam wurdt net redusearre, mar útsprutsen as [o]. De "g" yn genityffoarmen fan eigenskipswurden dy't yn modern Russysk útsprutsen wurdt as "w" wurdt hjir noch as in "g" útsprutsen. Oan't sa'n 1950 wiken de Noard-Russyske dialekten ek wat leksikon oanbelanget sterk ôf fan it Russysk út oare dielen fan Ruslân. Troch de isolearre lizzing fan in protte Promoarekriten hiene benammem dizze dialekten in soad Russyske argaïsmen behâlden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]