Pommer

Ut Wikipedy

In pommer is in blaasynstrumint út de renêssânse. It is in (los) dûbeldreidynstrumint mei in rjochte koanyske boarring. Yn de renêssânse waarden pommers meast yn koar spile, dat wol sizze in sopraan-, in alt-, in tenoar- en in basynstrumint. De sopraan waard meast spile troch in skalmei. Der wiene lykwols ek grutbaspommers, like grut as in flinke beamtakke. De legere leden fan de famylje binne nochal swier en ûnhandich. Omdat dy in soad (eal)hout fergje binne se ek net goedkeap.

Michael Praetorius beskriuwt in skalmei yn D, altpommer yn G, tenoarpommer yn C, baspommer yn F en grutbaspommer yn Bes of C. Hjoeddedei (2007) wurdt ek gauris in skalmei yn C en in altpommer yn F brûkt. De gruttere pommers ha in útwreiding fan in kwart nei ûnderen, de leechste toan fan de baspommer is C en fan de grutbas is F of G. De tenoarpommer bestie yn twa foarmen, ien sûnder de útwreiding mei as leechste toan C (de Nicolo) en ien mei útwreiding mei as leechste toan G (de Basset).

De baspommer is letter troch de folle hânsumer dulciaan en noch wer letter troch dy syn opfolger de fagot ferkrongen. Yn de rin fan de 17e iuw is de (barok)hobo stal jûn, neffens guon foar 't neist fuortkommen út de skalmei en de altpommer.

Oer orizjinele pommerreiden is net folle bekend. Tsjintwurdich wurde pommerreiden, krekt as fagotreiden op in pypke stutsen. Skalmeireiden wurde tsjintwurdich of los opstutsen, of lykas by de hobo op in stift fêstbûn.