Polikarpow I-180

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Polikarpow I-180-2

De Polikarpow I-180 wie in iemotorige jachtfleanmasine, ûntwurpen troch de Russyske fleantúchbouwer Nikolai Polikarpow.

It tastel ûntstie ú t de súksesfolle Polikarpow I-16 en de Polikarpow I-17. It wie ek de earste sovjetfleanmasine mei in fersteber trijeblêdige propeller. As oandriuwing hie it tastel in M-88-stjermotor.

De earste flecht fan de I-180-1 wie op 15 desimber 1938 en einige yn in ûngemak. By it oanfleanen fan de lâningsbaan joech de motor belies en it tastel stoarte del; de bekende fleander Valeri Pavlovitsj Tsjkalow ferlear dêrby it libben.
It twadde tastel, de I-180-2 krige in oare motor, M-87B, en de spanwiidte waard fergrutte mei 105 cm. Doe't dat tastel ek ferûngemakke op in testflecht, waard it ûntwikkelingsprogramma fanwege Josef Stalin útsteld en Polikarpow foel yn ûngenede. Nettsjinsteande dat fleach der noch in tredde prototype, no mei in sletten cockpit, en waard der in rige fan tsien fan dizze I-180S boud. De prestaasjes fan dit type foelen net ôf. In wer ferbettere ferzje lei al op de tekentafel, mar dochs waard ein 1940 besletten mei it I-180-programma op te hâlden en rjochte Polikarpow him op de ûnjouwing fan de I-185.

[bewurkje seksje] Technyske feiten

I-180S
Feiten
Spanwiidte 10,05 m
Lingte 6,9 m
Wjukoerflak 16,1 m²
Startgewicht 2.675 kg
Oandriuwing ien dûbelstjermotor M-88R
Fermogen 735 kW (1.000 HK)
Topfaasje 585 km/û op 7.100 m
Klimfaasje nei 5.000 m yn 5 min
Plafond 11.000 m
Fleanberik 900 km
Bewapening twa 7,62-mm-MG SchKAS
200 kg bommen
Bemanning 1
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen