Pleuritis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Pleuritis (ek wol pleuris [1]) is in ûntstekking oan it boarstflues dat de longen en de binnenkant fan de boarstkas (thorax) beklaaid, de pleura.

It kin troch in firus of in baktearjele ynfeksje (ek by in longûntstekking) komme of troch yrritaasje fan de pleura. Der bestiet ek in reumatyske foarm fan pleutitis. At der focht tusken de longfluezen ûntstiet wurdt sprutsen fan pleurafocht (in eksudaat). Dy foarm fan pleuritis hiet pleuritis exsudativa (wiete pleuris); by pleuritis sicca (droege pleuris) wurdt gjin of mar in bytsje eksudaat foarme. Pleurafocht kin ynfektearre reitsje (ettter), sadat in empyeem ûntstiet. By trochgroei as útsiedzjen fan kankersellen tusken de pleurabladen wurdt praat fan pleuritis carcinomatosa.

Yn de 20e ieu waard pleuritis wol as in eufemisme foar tuberkuloaze brûkt, ek at der gjin sprake fan in tuberkuleuze pleuritis wie.

Symptomen[bewurkje seksje | edit source]

Typysk ferskynsel fan in pleuritis is in stekkende pine dy’t slimmer wurdt by sykheljen en hoastjen, benammen yn it gefal fan de droege foarm. It hinget fan it krekte plak fan de ûntstekking ôf oft der in útstrielende pine nei de bûk, de nekke of de skouders is. Meastal sykhellet de pasjint fluch en oerflakkich. Soms is der lichte koarts.

Behanneling[bewurkje seksje | edit source]

Pleuritis wurdt behannele troch de oarsaak te behanneljen, sa nedich en at it mooglik is. Bakteriële pleuritis is meastal goed te behanneljen mei antibiotika, firale pleuritis troch ôf te wachtsjen en/of mei ûntstekkingsrimmers.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Coëlho Zakwoordenboek der Geneeskunde, Jochems, A.A.F.; Joosten, F.W.G.M et al 2006, Elsevier Gezondheidszorg