Pieter Nieuwland

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Leiensk heechlereareportret fan Pieter Nieuwland.
Bysûndere Kolleksjes Universiteitsbibleteek Leien.

Pieter Nieuwland (Diemermeer, 5 novimber 1764 - Leien, 14 novimber 1794) was een Nederlânsk seefeartkundige en dichter. By syn libben wie er bekend as wûnderbern, en waard er wol de Nederlânske Isaac Newton neamd. Hy wie ien fan de seis leden fan de Hollânske Skiekundigen.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Pieter Nieuwland waard berne as soan fan de, doe al 56 jier âlde, timmerman Berend Nieuwland en Marretje Klinkert. Al mei jonge jierren pykte er der út mei syn learderigens en wakker ûnthâld. Heit Berend joech him ûnderrjocht yn de begjinsels fan de wiskunde. Doe't de jonge Pieter syn heit al rillegau oan'e side kaam, waard syn ûnderwiis fuortset troch de wiskundige Henricus Aeneae.

Nieuwland skreau mei sân jier al gedichten, en syn geny luts it omtinken fan de begoedige bruorren De Bosch, dy't yn de Watergraafsmeer in bûtenferbliuw hienen. Sy waarden Nieuwlan syn mesenas. Sy betellen syn stúdzje oan it Amsterdamske Athenaeum Illustre en Jeronimo De Bosch brocht him persoanlik it Latyn by.

Oan it atenaeum folge er ûnderrjocht yn de Letterkunde fan de heechlearaar Herman Tollius, sette er ferskate Grykske en Latynske wurken oer yn it Nederlânsk en skreaun en ferdigene er in dissertaasje oer de stoïsynske filosoof Gaius Musonius Rufus.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • DBNL: Pieter Nieuwland

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]