Pieter Huistra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pieter Huistra
Untbrekt
Basis ynformaasje
Namme Pieter Huistra
Berne 18 jannewaris 1967
Berteplak Goaiïngea
Ploech FK Grins
Funksje Haadtrener

Pieter Huistra (Goaiïngea, 18 jannewaris 1967) is in Frysk âld-proffuotballer en fuotbaltrener. Huistra spile de measte fan syn wedstriden as linksbûten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Karriêre as fuotballer

Huistra begûn syn fuotbalkarriêre as amateur by Drachtster Boys, dêr't al gau dúdlik by waard dat er in protte talint foar it fuotbal hie. Syn debút yn it betelle fuotbal makke er op 5 septimber 1984 by FK Grins yn de wedstriid tsjin FK Folendam. Nei twa jier waard er ferhierd oan BV Feandam, dat doe noch yn de Earedivyzje fuotballe. Dêr foel er sa op dat de trener fan FK Twinte, Kees Rijvers, him yn 1987 nei dy klup helle. Dêr waard er in fêste basiskrêft en in belangrike spiler fan it alvetal. Yn 1988 waard er dan ek foar it earst oproppen foar it Nederlânsk alvetal.

Yn 1990 gie Huistra nei de Glasgow Rangers yn Skotlân ta te fuotbaljen. Hy spile fiif seizoenen foar dy klup en waard al dy jierren kampioen fan Skotlân. Yn 1995 folge er Wim Jansen nei Japan. Tegearre wurken hja yn de J-League by Sanfrecce Hiroshima.

Nei twa seizoenen yn Japan soe er yn 1997 foar in heal jier wer fuotbalje foar FK Grins. Yn it seizoen 1997/1998 gie Huistra nei it Belgyske Lierse SK. Nei twa seizoenen by Lierse rekke er swier blessearre oan syn haksine. Yn syn lêste jier by Lierse kaam er dan ek net oan spyljen ta. Yn it seizoen 1999/2000 gie er noch foar ien jier nei RBC Roosendaal, mar ek dat seizoen hat Huistra net fuotbalje kind.

[bewurkje seksje] Statistiken

Seizoen Klup Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1984-1985 FK Grins Earedivyzje 10 1
1986-1986 FK Grins Earedivyzje 7 0
1986-1987 BF Feandam Earedivyzje 33 5
1987-1988 FK Twinte Earedivyzje 34 8
1988-1989 FK Twinte Earedivyzje 34 6
1989-1990 FK Twinte Earedivyzje 25 3
1990-1991 Glasgow Rangers Scottish Premier League 27 4
1991-1992 Glasgow Rangers Scottish Premier League 32 5
1992-1993 Glasgow Rangers Scottish Premier League 30 4
1993-1994 Glasgow Rangers Scottish Premier League 21 6
1994-1995 Glasgow Rangers Scottish Premier League 15 3
1995 Sanfrecce Hiroshima J-League 35 6
1996 Sanfrecce Hiroshima J-League 28 7
1996-1997 FK Grins Earedivyzje 9 2
1997-1998 Lierse SK Earste Klasse 32 11
1998-1999 Lierse SK Earste Klasse 22 0
1998-1999 Lierse SK Earste Klasse 0 0
1999-2000 RBC Roosendaal Earedivyzje 0 0
Totaal 394 71

[bewurkje seksje] Ynterlannen

Huistra hat yn syn karriêre acht kear yn it Nederlânsk alvetal fuotballe. Syn debút wie op 16 novimber 1988 yn de freonskiplike wedstriid tsjin Itaalje. Syn lêste wedstriid foar Oranje spile er yn 1991.

As gefolch fan in blessuere foel Huistra bûten de seleksje foar it Wrâldkampioenskip fuotbal yn 1990.

Yn totaal hat Huistra acht ynterlannen spile, yn dy wedstriden kaam er net ta skoaren.

[bewurkje seksje] Karriêre as trener

Nei syn fuotbalkarriêre wie Huistra fan 2001 oant en mei it seizoen 2004/2005 jeugdtrener by FK Grins. Nei dat jier waard er assistint-trener by Vitesse, dat wie hy oant en mei 2008. Op 3 april 2008 waard bekend dat Huistra de taken fan Rob Witschge tydlik oernimme soe as assistint-trener by AFC Ajax. Fan it seizoen 2009/2010 ôf is Huistra oansteld as coach fan Jong Ajax, as opfolger fan Adrie Koster. Op 22 desimber 2009 waard bekend dat er fan it seizoen 2010/2011 ôf oan de slach soe as haadtrener fan FK Grins. Hy is de opfolger fan Ron Jans, dy't nei it seizoen 2009/2010 FK Grins ferlit en oan de slach sil by SK It Hearrenfean.

[bewurkje seksje] Statistiken

Perioade Klup Kompetysje Funksje
2001-2005 FK Grins Earedivyzje Jeugdtrener
2005-2008 Vitesse Earedivyzje Assistint-trener
2008-2009 AFC Ajax Earedivyzje Assistint-trener
2009-2010 AFC Ajax Earedivyzje Trener fan beloften
2010-no FK Grins Earedivyzje Haadtrener

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen