Pieter Feddes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
'De dronken keapman troch Piter Feddes en Claes Jansz. Visscher

Pieter Feddes of Pieter fan Harns, ( Harns, ± 1586 - Ljouwert ) wie in Fryske keunstskilder.

Hy ferfarre yn 1612 nei Ljouwert en makke meast portretten, gravueres, etsen en kaarten. Wurk fan him is yn it Frysk Museum en yn it Museum fan Düsseldorf. Yn de wurken fan de Fryske skiedskriuwers, Hamconius en Winsemius, komme troch him gravearre platen foar. Der bestiet fan him in portret, yn koper snien, mei it jiertal 1615. Inkele fan syn etste printjes komme mei it merk P. Harlingensis foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: