Piet Jongeling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Piet Jongeling

Pieter (Piet) Jongeling (Broek ûnder Ikkerwâld, 31 maart 1909Amersfoart, 26 augustus 1985) wie in Nederlânske sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer.

Under it pseudonym Piet Prins hat Jongeling mear as sechtich boeken op syn namme; hy skreau benammen foar de jongerein. It bekendst is de njoggendielige jeugdboekerige "Snuf de hond"

Sjoernalistyk en ferset[bewurkje seksje | edit source]

Foar de Twadde Wrâldkriich wurke er op de kwekerij fan syn pake en letter as sjoernalist foar de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. As sjoernalist brûkte er somtiden de skûlnammen P. van Akkerwoude, A. Mos en G. le Clerq. Op 1 febrewaris 1940 troude er mei Klaassina Heerema. Hja krigen fjouwer soannen - ien stoar jong - en seis dochters.

Yn de earste jierren fan de oarloch wie Jongeling warber yn it ferset, by de antirevolúsjonêre kadergroep. Dizze groep joech foarljochting oer aktuele fraachstikken. Fan april 1942 ôf siet er fêst, earst yn it konsintraasjekamp Amersfoort en letter yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen. Yn 1945 makke er noch in saneamde deademars foar it optsjenjend Sovjet-leger mei. Yn 1945 koe er werom gean nei Grins en waard er haadredakteur van de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. Na een conflict met de directie stapte hij op en werd hij haadredakteur fan De Vrije Kerk. Letter soe dit blêd fuortset wurde ûnder de namme Gereformeerd Gezinsblad en wer letter as Nederlands Dagblad.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Oant 1948 wie Jongeling lid fan de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP), dêrnei fan it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV). Ut namme fan dy partij siet er 14 jier yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan 1963 oant 1977. dat hiele skoft wie er fraksjefoarsitter, wol wie it oant 1971 in ienmansfraksje.

As Keamerlid wie Jongeling in pleiter fan de rjochten fan de Papûa's en de Molukkers. Ek wie er in trou oanhinger fan it Hûs fan Oranje, stie er oan op de eigen ferantwurdelikens fan it regear en de it parlemint en ferdigene er it besteansrjocht fan lytse politike partijen. Jongeling kearde him tsjin de kulturele revolúsje fan de jierren 1960-70 en wie in fûl bestrider fan de feroarjende opfettings oer seksualiteit en de wankjende legalisearring fan abortus provocatus. yn de útlânske polityk was er antikommunistysk, trouw oan de NAFO en koe er begryp opbringe foar de apartheidspolityk yn Súd-Afrika.[1]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Snuf rige ( 9 )
  • Daan en Sietze rige ( 3 )
  • Wambo rige ( 3 )
  • Het gouden sieraad
  • Anak de jonge eskimo
  • Joesoef vindt een grote schat
  • Jeroen en Joost
  • In nacht en stormgebruis ( nije ferzje diel I )
  • Holland onder het hakenkruis ( nije ferzje diel II Omnibus )
  • Wapens in de winternacht

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • H. Veenhof, Zonder twijfel. Pieter Jongeling (1909-1985). Journalist, politicus en Prins (Barneveld 2009).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rik Valkenburg, Jongeling ten voeten uit, Wageningen, 1971