Piet Engels

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
P.J. Engels (1973)

Peter Joseph (Piet) Engels (Terwinselen, 25 septimber 1923Ljouwert, 13 april 1994) wie in Nederlânsk politikus.

Engels wie i Frysk KVP-politikus, dy't yn Limburch grut waard. Yn de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal hie hy it meastal oer maatskiplik wurk, ûnderwiis en de wurkleazens ûnder de jongerein. Doe't hy frege waard om minister fan CRM yn it kabinet-Biesheuvel I te wurden, joech Marga Klompé him de rie om dat net te dwaan, omdat hy yn Ljouwert wenjen bleau. Hy die it wol en akseptearre de antirevolúsjonêre Hannie van Leeuwen net as steatssekretaris, mar wol de VVD'er Henk Vonhoff.
Neidat syn politike karriêre ta in ein kaam, ûnder oaren troch sûnensproblemen, wie er foaral dwaande mei syn húshâlding. Dochs bleau er wol warber op it mêd fan maatskiplik wurk troch oant syn ferstjerren ta ferskate lokale organisaasjes te stypjen.

W.F. Hermans[bewurkje seksje | edit source]

Op 23 desimber 1972 skreau Engels yn in brief oan Willem Frederik Hermans dat dy de P.C. Hooft-priis 1971 krigen hie. Tsien dagen letter die bliken dat de priis net 18.000 gûne wie, sa't yn de brief stie, mar 8.000 gûne. Doe wegere Hermans de priis, omdat hy net ûnderskieden winske te wurden 'troch in minister waans hântekening fan de iene op de oare dei 10.000 gûne in waarde daa