Pickwick

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mug of Picwick tea.JPG

Pickwick ® is in ferneamd merk fan Sara Lee, ien fan de grutste Nederlânske teefabrikanten, dy't ferskillende lannen fan tee foarsjocht. It merk Pickwick wurdt brûkt fanôf 1937, dêrfoar waard al tee ferkocht sûnt 1753 op De Jouwer út in lyts winkeltsje mei de namme "Douwe Egberts".

De namme Pickwick is ôflaat fan it boek 'Pickwick Papers' fan Charles Dickens. Dat boek hie de frou fan de destiidske direkteur Johannes Hessel krekt lêzen en hja stelde de namme 'Pickwick' út.

Pickwicktee wurdt tsjinwurdich makke yn it teefabryk op it terrein fan Sara Lee (earder Douwe Egberts) op De Jouwer.
Der binne ferskate soarten teesmaken wêrûnder: boskfruchten, sitroen, sinesappel, ierdbei, kaktus, meloen, kersen, tropyske fruchten, súdfruchten, mango, pjisk, kaniel, fanylje, griene tee, roaibosk, easterske teesmaken, tradysjonele teesmaken, iistee en aparte teebledsjes.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]