Pibo Antonius Pijnappel

Ut Wikipedy

Pibo Antonius Pijnappel, (Amsterdam, 8 febrewaris 1875Hilfertsom, 29 novimber 1935), wie in begoedige Nederlânsk bibliofyl.

Pijnappel stamme út in rike en foarútstribjende liberaal remonstrantske famylje. Hy studearre Rjochten yn Amsterdam mar makke de stúdzje net ôf. Yn syn studintetiid wie hy redakteur fan Propria Cures en dispútgenoat fan Herman Gorter. Hy sammele op syn bûtenpleats De Hoorneboeg ûnder Hilfertsom 70.000 boeken, meast op it mêd fan de letterkunde. De kolleksje waard oan de Gemeentlike Universiteit neilitten. De bûtenpleats waard urven troch syn suster dy't it op har beurt 'yn syn geast' oan de Remonstrantske Bruorskip fermakke.

Pijnappel wie sosjaaldemokraat. Hy advisearre Pieter Jelles Troelstra, ûnder oaren yn de Hogerhuis-saak en de lintsjesaffêre. Nettsjinsteande syn swakke sûnens, hy hie slim astma, wie er yn 1907 lid fan de Programkommissy fan de SDAP.

P. A. Pijnappel kocht de grutte bûtenpleats De Hoorneboeg yn 1905 foar Fl. 43.000,-. Hy naam in bibliotekaresse yn tsjinst en boude in grutte biblioteek oan de westkant fan it terrein.

Der wurdt wol oer Pibo Antonius Pijnappel skreaun as wie er in keamergelearde en kluzener[1], mar dat wurdt troch oare boarnen tsjinsprutsen. Pibo wenne tegearre mei syn suster. De histoarikus Jan de Bruijn besprekt syn rol yn de lintsjesaffêre en neamt him "tige goed op de hichte".

Maaie 1912 joegen Pibus en syn suster in buorkerij op harren bûten, de Meisjeshoeve, letter Stalheim neamd, yn gebrûkt oan de Stichting het Leidse Volkshuis.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • M. W. Jolles (út "Tussen Vecht & Eem", Vereniging Vrienden van het Gooi, 4e Jiergong, Nr. 1, febtewaris, 1986)
  • Jan de Bruijn, Het boetekleed ontsiert de man niet - Abraham Kuyper en de Lintjesaffaire (1909-1910) 2005

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van der Sluijs