Piëtisme (tsjerkeskiednis)

Ut Wikipedy

Piëtisme ( fan it Latynske: pietas, frommens) is in tsjerklike religieuze streaming , dy't yn de 17e en 18e iuw ek it Fryske kalvinisme rekke as reaksje op toarre stellichheid en slappe seden.

Piëtisme woe it leauwe belibje mei hert, mûle en died. Ofsûndering út de wrâld mei lytse groepen (selskippen, konvintikels) wie it gefolch. Yn Fryslân wie ynfloed fan de à Brakels, fan oersette geskriften fan Ingelske puriteinen fan de labadisten (ek bûten Wiuwert). De finen, de fermiddens om de beoefeners en letter it Frysk Reveil libje út it piëtisme. Yn de 18e iuw hawwe Zinzenhof en de hernhutters fan Maria Louise yn Fryslân wurke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: