Phong Nha-Ke Bang
Ut Wikipedy
Phong Nha-Ke Bang (offisjeel: Vườn quốc gia Phong Nha-Kẻ Bàng) is in nasjonaal park yn de Fietnameeske provinsje Kuang Binh. It leit 50 km besuden Dong Hoi, de haadstêd fan de provinsje. It park, dat in oerflakte hat fan 344 km², stiet sûnt 2003 op de UNESCO Wrâlderfgoedlist. Der binne yn it park sa'n 300 grotten en gongen mei in totale lingte fan 70 kilometer. Der rint ek in ûndergrûnske rivier trochhinne.