Petrus Adrianus Bergsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Petrus Adrianus Bergsma (Mitselwier, 15 april 1743 - Dokkum, 14 oktober 1824) wie grytman fan Dantumadiel (1782), deputearre fan Fryslân, lid fan de Admiraliteit en dykgreve fan East-Dongeradielster Seediken. Bergsma wie in soan fan Willem Bergsma en Remelia Schik.

Petrus propagearre de bou fan tabak en sûkerei yn Fryslân. Dat mei tabak slagge net, de sûkereitylt wol (û.o. yn Dantumadiel). De droegerij stichte hy yn 1792 en soe de grutste fan it keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn Dantumawâlde en hy wie tsjerkefoud. Syn namme stiet op de tsjerkeklok út 1786.

Petrus Adrianus Bergsma stie bekend as de útfiner fan it brûken fan sâlt foar it fee en yn it bysûnder as middel om ithea te bewarjen, tsjin sterke broeiing en skimmel, wylst it altiten de fiedingswearde fan it hea ferheget. It wie yn it jier 1790 dat hy hjir foar it earst op wiisde. De patrysjer Bergsma wie eigner fan 7 fan de 16 stimhawwende pleatsen yn Moarrewâld.

Yn Damwâld is yn 1968 de mr. P.A. Bergsmastrjitte nei him neamd.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen