Peter O'Toole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Peter O'Toole.

Peter O'Toole (folút: Peter Seamus Lorcan O'Toole; 2 augustus 1932Londen, 14 desimber 2013), wie in Iersk-Britsk akteur, dy't bekend stie om syn felblauwe eagen. Hy begûn syn karriêre yn it Britske teäter, dêr't er namme makke as Shakespeare-fertolker. By it grutte publyk en bûten it Feriene Keninkryk waard er lykwols ferneamd troch syn wurk as filmakteur. Fral syn titelrol as T.E. Lawrence yn 'e histoaryske film Lawrence of Arabia makke him ta in filmstjer. Yn syn karriêre wûn er fjouwer Golden Globes, in BAFTA, in Emmy en in Oscar, wylst er fierders noch acht kear foar in Oscar nominearre waard. Yn 2012 joech it aktearjen deroan.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | edit source]

O'Toole waard berne yn 1932. Guon boarnen jouwe as syn berteplak Connemara, yn County Galway, yn Ierlân, wylst oaren úthâlde dat er te wrâld kaam yn it Ingelske Leeds. O'Toole sels wie net wis fan syn berteplak of -datum; yn syn autobiografy skreau er dat er 2 augustus as syn jierdei beskôge, mar dat er sawol in Iersk as in Britsk bertesertifikaat hie, en dat er neffens it Ierske berne wie yn juny 1932. O'Toole wie de soan fan Constance Jane Eliot Ferguson, in Skotsk ferpleechster, en Patrick Joseph O'Toole, byneamd "Spats", in Iersk metaalarbeider, fuotbalspiler en bookmaker op in hynsteracebaan.

O'Toole waard grutbrocht as lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en genoat syn leger en middelber ûnderwiis oan roomske skoallen, dêr't er troch de nonnen tirannisearre waard om syn loftshandichheid ôf te learen. Nei't er fan skoalle gien wie, wurke er as sjoernalist yn oplieding en fotograaf foar de krante de Yorkshire Evening Post, oant er oproppen waard foar syn tsjinstplicht, en seinder yn 'e Royal Navy waard. Nei syn tsjinsttiid folge er fan 1952 oant 1954 in oplieding oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA) te Londen, nei't er ôfwiisd wie troch de toanielskoalle fan it Abbey Theatre yn 'e Ierske haadstêd Dublin om't er de Ierske taal net machtich wie.

Peter O'Toole as T.E. Lawrence, yn Lawrence of Arabia.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

O'Toole sette mei syn aktearkarriêre útein op it toaniel. Hy makke namme as Shakespeare-fertolker yn it Bristol Old Vic en as lid fan 'e English Stage Company. Yn 1954 makke er syn debút op 'e tillevyzje, en yn 1959 op it wite doek, mei in lyts roltsje yn 'e Britske film The Day They Robbed the Bank of England. Hy briek yn 1962 troch mei syn rol as de Britske legerofsier en aventoersman T.E. Lawrence yn regisseur David Lean syn masterwurk Lawrence of Arabia. Foar dy rol waard er trouwens pas útkeazen doe't bliken die dat Marlon Brando oare ferplichtings hie, en nei't Albert Finney derfoar betanke hie.

Foar syn rol yn Lawrence of Arabia waard O'Toole foar it earst nominearre foar in Oscar, en yn 'e jierren dy't folgen, soed er noch sânris sa'n nominaasje yn 'e wacht slepe, foar rollen yn 'e films Becket (1964), The Lion in Winter (1968), Goodbye, Mr. Chips (1969), The Ruling Class (1972), The Stunt Man (1980), My Favorite Year (1982) en Venus (2006). Eltse kear gie de oerwinning lykwols oan him foarby. Pas yn 2003 krige er in eare-Oscar útrikt foar syn hiele oeuvre. O'Toole is trouwens ien fan mar in pear akteurs dy't foar deselde rol mear as ien kear nominearre binne foar in Oscar: hy spile kening Hindrik II fan Ingelân sawol yn Becket as yn The Lion of Winter.

Yn dy lêste film wurke er gear mei Katharine Hepburn, en yn 1972 spile er mei Sophia Loren yn 'e film Man of La Mancha, oer de Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes en dy syn fiktive personaazje Don Quichot. Dat er ek komyske rollen oankoe, liet O'Toole sjen yn What's New, Pussycat?, út 1965. Njonken syn karriêre as filmakteur gied er ek troch mei toaniel; sa stied er yn 1970 yn it Dublinske Abbey Theatre mei in rol yn Samuel Beckett syn stik Waiting for Godot. Yn 1980 spile er de rol fan 'e Romeinske keizer Tibearius yn 'e kontroversjele (want troch it neakenblêd Penthouse produsearre en foar in diel iepentlik pornografyske) film Caligula. Hy wûn de prestizjeuze Britske Laurence Olivier Award foar syn optreden yn Jeffrey Bernard Is Unwell (1989), en in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillevyzjepriis, foar syn rol yn 'e minysearje Joan of Arc (1999).

Peter O'Toole as kening Hindrik II fan Ingelân yn The Lion in Winter.

De lêste tsien jier spile er fral lytsere roltsjes, lykas de Trojaanske kening Priamos, yn 'e film Troy (2005), de âldere Giacomo Casanova yn 'e BBC-rige Casanova (2005), en paus Paulus III yn 'e searje The Tudors (2008). Op 12 july 2012 makke O'Toole bekend dat er ophold fan aktearjen.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1959 troude O'Toole mei de Welske aktrise Siân Phillips, mei wa't er twa dochters krige, aktrise Kate O"Toole (1960) en Patricia O'Toole (19??). Hja skieden yn 1979. Phillips skreau letter yn twa autobiografyen dat O'Toole har geastlik mishannele hie, wat benammen feroarsake waard troch syn slimme alkoholisme. Teffens hied er oanfallen fan ekstreme jaloerskens doe't se him úteinlik ferliet foar in jongere minner. Neitiid krige O'Toole in relaasje mei it folle jongere model Karen Brown (al trouden hja nea), en krige mei har noch in soan, Lorcan Patrick O'Toole (1983).

Oan 'e ein fan 'e santiger jierren makke slimme sykte hast in ein oan O'Toole syn libben, doe't syn maachkanker by fersin oansjoen waard foar in symptoom fan syn oerynname fan alkohol. Yn 1976 waarden by in operaasje syn alfleisklier en in grut diel fan syn mage fuorthelle, wat makke dat er tenei litte oan ynsuline-ôfhinklike sûkersykte. Yn 1978 stoar er suver oan in bloedkrupsje. Hy bettere lykwols wer op en kearde werom op 'e planken en foar de kamera.

Wat syn politike opfettings oanbelanget, wie O'Toole yn 'e iere jierren fyftich in fûleindich tsjinstanner fan 'e Koreä-oarloch. Yn 'e sechstiger jierren, ûnder de Fjetnamoarloch, wied er fannijs aktyf yn 'e anty-oarlochsbeweging. Nei't der grute wurdt, waard O'Toole yn 1987 in ridderskip oanbean (dat it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe), mar sloech er dy ôf fanwegen persoanlike en politike redens. Op religieus mêd omskreau O'Toole himsels yn in fraachpetear ris as in "kristen dy't mei pinsjoen gien is".

Ferstjerren[bewurkje seksje | edit source]

Nei't er lang yn 'e minnichte omtoarke hie, ferstoar Peter O'Toole op 14 desimber 2013 yn 'e âlderdom fan 81 jier, yn it Wellington Hospital yn syn wenplak, de Britske haadstêd Londen. Hy liet trije bern en in pakesizzer efter.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.