Peter Heerschop

Ut Wikipedy
Peter Heerschop by 3FM Serious Request 2009 yn Grins.

Peter Heerschop (folút: Petrus Theodorus Heerschop; Bussum, 7 septimber 1960) is in Nederlânsk kabaretier, akteur, telefyzjeprogrammamakker en skriuwer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heerschop gie nei it Sint-Vituscollege, in vwo-skoalle yn Bussum, nei de sportakademy. Hjir learde hy Joep van Deudekom kennen, wêrmei't er goed befreone rekke. Viggo Waas siet twa klassen leger.

Ein tachtiger jierren rjochten de kabaretgroep NUHR op en dienen yn 1987 totaal sûnder tarieding mei oan Cameretten, wêr't se yn de finale kamen.

Hy wie te sjen yn de telefyzjeprogramma's Kopspijkers en Vrienden van Van Swieten. Oan beide programma's skriuwde hy sels ek mei.

Sûnt 2002 fersoarget Heerschop alle freedtemoarnen in wikeoersjoch neamd Lieve Marianne, yn it programma Evers Staat Op fan Edwin Evers op Radio 538. De namme fan dit oersjoch is ûntliend oan hyurdrydster Marianne Timmer, oan wa't hy it oersjoch sabeare fertelt. It ûnderdiel waard nammentlik betocht by de Olympyske Winterspullen fan 2002 yn Salt Lake City.

Mei Hans Sibbel (Lebbis) makke hy yn juny 2003 foar NET 5 it programma 127 wensen: op reis mei... It programma wie in kombinaasje fan in reisprogramma en in natoer-dokumintêre, ôfwiksele mei stikjes út it teater, wêr't se in publyk oer harren aventoeren fertelden.

Hy spile in learaar yn de film Shouf Shouf Habibi! en de haadrol yn de koarte film Balbezit.

Yn 2006 makke hy syn teaterdebút mei it stik Het Goede Lichaam, de opfolger fan De Vagina Monologen, beide skreaun troch Eve Ensler.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]