Penjumer Halsbân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Penjumer halsbân)
De Penjumer Gouden Halsbân súdwestlik fan Pingjum (2011)
Penjum mei Gouden Halsbân yn de Schotanusatlas (1718)

De Penjumer Halsbân of Penjumer Gouden Halsbân is in dyk om it doarp Penjum dy't it beskerme tsjin it wetter fan de see-earm de Marne. De dyk is foar it grutstepart oanlein yn de 10e iuw en foltôge om 1100 hinne mei de oanlis fan de Griend Dyk. Doe't yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de Fryske seediken trochbrutsen yn in fleanende westerstoarm, bleau Penjum sparre tanksij de dyk. It doarp Penjum sels, mar ek dielen fan de Halsbân lizze op in tijwâl. Dy wâlen binne ûntstien yn in tiid dat de see dêr frij tagong hie. Se waaierje, om sa te sizzen, út oer it lânskip foarby Arum, Wytmarsum en Skraard.

Yn it hert fan dat kompleks fan wâlen leit it restant fan in âlde see-eroazjeslinke, de Marne. Yn it lân fine jo dy eroazjeslinke noch werom yn it wat leger lizzend part oan wjerskanten fan de Bidlersfeart en de Harnzer- en Wytmarsumer Feart. No hat de Halsbân har wetterkearende funksje ferlern en is de dyk foar it grutstepart ôfgroeven. De Marne rûn earder yn in heale sirkel noard en east om Penjum hinne en gie foarby Wytmarsum fierder it lân yn oan Boalsert ta. Hoenear't de Marne ûntstien is, is net krekt te sizzen. Guon sizze dat er al yn de foar-Romeinske tiid ûntstien is. Der binne lykwols ek oanwizingen dat de ynfloed fan de see yn it gebiet bewesten Penjum en Kimswert yn dy tiid net grut wie. Geologysk ûndersyk hat útwiisd dat de Marne pas yn de 9e en 10e iuw op syn grutst en agressyfst wie.