Pelgrimsrus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heech Pilgrimrus
Rôversgrêf

Pilgrimrus (Frysk: Pylgers Rêst) is in plak yn de provinsje Mpumalanga yn Súd-Afrika. It waard útroppen ta nasjonaal monumint. Meidat der yn septimber 1873 goud ûntdekt waard kamen der in soad goudsikers hinne. Ein 19e ieu kamen de konsesjes yn hannen fan it bedriuw Transvaal Gold Mining Estates (TGME), dy't ûndergrûnske minen oanlei. De aktiviteit einige yn 1971, en it doarp waard ferkocht oan de oerheid dy't der yn 1986 in nasjonaal museum en monumint fan makke.

It langhalige doarp leit oan in wei op de heuvel, en bestiet út in uptown (boppestêd) en in downtown (legere stêd).

It âlde begraafplak wjerspegelt de skiednis fan it plak. Alle grêven, dy't oer it generaal basearre binne op 'uitlanders' lizze allegear yn deselde rjochting, útsein fan de ferneamde Grave Robber's, it 'grêf fan de dief' (anonym), leadrjocht op de oare grêven, allinnich fersierd mei in krús en de boppesteande tekst. Dat suggerearet dat de dief deade waard by it stellen fan ien fan de goudsikerstinten. Dy tinten wienen meastal it ienige thús fan de goudsikers sadat in swiere straf rjochtfeardige wie.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]