Paul Gallico

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Paul Gallico.

Paul Gallico, folút: Paul William Gallico (New York, 26 july 1897Monako, 15 july 1976), wie in Amerikaansk sportsjoernalist, kollemnist, redakteur en skriuwer fan romans, novellen, koarte ferhalen en non-fiksjewurken oer sport. Hy is it bekendst wurden troch syn koarte novelle The Snow Goose, syn iennichste literêre súkses dat ek algemien as sadanich erkend waard. Fan syn oare wurken is is de roman The Poseidon Adventure it meast ferneamd, sij it benammentlik troch de Hollywood-ferfilmings dêrfan út 1972 en 2005. Ek in protte oare romans fan fan Gallico's binne ferfilme.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Komôf en jonkheid[bewurkje seksje | edit source]

Gallico wie hikke en tein yn 'e stêd New York, as de soan fan Paolo Gallico, in konsertpianist, komponist en muzyklearaar fan etnysk Italjaansk komôf, dy't yn 1868 berne wie yn Triëst, dat doedestiden noch ta Eastenryk hearde, en de (etnysk Dútske) Eastenrykske Hortense Erlich. Syn âldelju wiene twa jier foar syn berte nei de Feriene Steaten emigrearre, dêr't se har yn New York nei wenjen set hiene.

Sjoernalistyk[bewurkje seksje | edit source]

Gallico studearre yn 1919 ôf oan 'e Columbia University en wurke dêrnei as sportsjoernalist by de krante New York Daily News. Hy krige bekendheid troch in fraachpetear mei bokser Jack Dempsey, wêryn't er beskreau hoe't it fielde om troch in swiergewichtbokser knock-out slein te wurden nei't er der by Dempsey op oanstien hie om in rûntsje mei him te sparren. Troch in rige soartgelikense ynterviews mei oare sportgrutheden út dy tiid waard Gallico al gau ien fan 'e heechstbetelle sportsjoernalisten fan 'e tweintiger jierren. Hy krige in eigen kollem yn 'e krante en begûn ek as redakteur fan 'e sportôfdieling te wurkjen. Syn biografyske boek Lou Gehrig: Pride of the Yankees, út 1941, oer de ikoanyske honkballer Lou Gehrig, waard yn 1942 al ferfilme as The Pride of the Yankees, mei yn 'e haadrol Gary Cooper.

Karriêre as skriuwer[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1936 joech Gallico syn sjoernalistike karriêre deroan om him folslein op skriuwen ta te lizzen. Hy emigrearre nei Ingelân, dêr't er him nei wenjen sette yn in hûs op in heuveltop yn Salcombe, yn it suden fan Devon. Hy hie daliks al grut súkses mei in ferskaat oan koarte ferhalen dy't er publisearre yn tydskriften lykas The Saturday Evening Post. Yn 1939 kaam fan Gallico The Adventures of Hiram Holliday út, wêryn't in moderne Amerikaanske doalende ridder op in Don Quichot-eftige manear de nazys bestriidt yn it Jeropa fan flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Dizze no fierhinne fergetten ferhalebondel is net inkeld nijsgjirrich om 'e ynhâld, mar ek om wat it oer de skriuwer seit. Der sprekt ntl. dúdlik de ynfloed fan Gallico syn monargistyske Eastenrykske mem út, mei't de held út it ferhaal in Eastenrykske prinsesse út it Hûs fan Habsburch rêdt, har leafde wint en in heitefiguer foar har soan wurdt, dy't, sa lit Gallico sterk trochspegelje, de nije keizer fan Eastenryk wurde sil as de nazys ienris ferdreaun binne.

Yn 1941 ferskynde Gallico syn koarte novelle The Snow Goose, in romantyske trageedzje tsjin 'e eftergrûn fan it belis troch de Dútsers fan it ynsletten Britske leger yn Dúntsjerk, yn 1940. Dêrmei wûn er de O. Henry Award foar koarte ferhalen fan 1941. Yn 'e fyftiger jierren hold Gallico in hoart yn Lychtenstein ta, dêr't er Ludmila skreau, wat in werfertelling fan in pleatslik folksferhaal is. Syn licht komyske roman Mrs. 'Arris Goes to Paris, út 1958, waard in bestseller, en dêrnei soene noch trije oare boeken folgje oer de sympatike Mrs. 'Arris, in wurkster út 'e Ingelske arbeidersklasse. Yn 1992 waard it boek ferfilme as in tillefyzjefilm, mei yn 'e haadrol Angela Lansbury. The Silent Miaow, út 1964, is sabeare in hânlieding skreaun troch in húskat, "oerset út it katsk", oer hoe't men oan in minsklik gesin komt en dêr dan de baas oer spylje kin. Dat boek waard in favoryt ûnder katteleafhawwers yn 'e hiele Angelsaksyske wrâld. Oare boeken fan Gallico oer katten wiene Jennie, út 1950 (yn 'e Feriene Steaten útjûn ûnder de titel The Abandoned), en Thomasina: The Cat Who Thought She Was God, út 1957, dat yn 1964 troch Walt Disney ferfilme waard as The Three Lives of Thomasina.

Gallico syn boek The Poseidon Adventure, út 1969, oer in groepke opfarrenden dat besiket te ûntkommen út in omslein passazjiersskip, flopte en loek doedestiden frijwol gjin belangstelling. Pas nei it útkommen fan 'e Hollywood-film The Poseidon Adventure, yn 1972, dy't in ûnbidich súkses wie, ûntstie der mear ynteresse yn it boek dêr't de film op basearre wie. Yn 2005 kaam der in remake út fan The Poseidon Adventure. Paul Gallico stoar yn 1976 yn Monako.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Farewell to Sport (1938; sport)
  • The Adventures of Hiram Holliday (1939; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Adventures of Hiram Holliday; licht komyske aventoereferhalen)
  • Who Killed My Buddy (1939)
  • The Secret Front (1940)
  • The Snow Goose (1941; romantyske trageedzje)
  • Golf Is a Friendly Game (1942; sport)
  • Lou Gehrig: Pride of the Yankees (1942; sport)
  • Selected Stories of Paul Gallico (1944)
  • The Lonely (1947; drama)
  • Confessions of a Story Writer (1948)
  • Jennie (1950; yn 'e Feriene Steaten publisearre as The Abandoned; lichte fantasy)
  • The Small Miracle (1951; licht drama)
  • Trial by Terror (1952)
  • Snowflake (1952; allegory)
  • The Foolish Immortals (1953; aventoereroman)
  • Love of Seven Dolls (1954; romantysk drama)
  • Ludmila (1955)
  • Thomasina: The Cat Who Thought She Was God (1957; romantysk drama)
  • Flowers for Mrs. Harris (1958: yn 'e Feriene Steaten publisearre as Mrs. 'Arris Goes to Paris; licht komyske roman)
  • The Steadfast Man (1958)
  • Too Many Ghosts (1959)
  • The Hurricane Story (1960; non-fiksje)
  • Mrs. Harris goes to New York (1960; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Mrs. 'Arris Goes to New York; licht komyske roman)
  • Confessions of a Story Teller (1961; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Further Confessions of a Story Writer)
  • Scruffy (1962; licht komyske roman)
  • Coronation (1962; licht drama)
  • Love, Let Me Not Hunger (1963; lichte trageedzje)
  • The Day the Guinea-Pig Talked (1963; berneboek)
  • Three Stories (1964; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Three Legends)
  • The Hand of Mary Constable (1964)
  • The Silent Miaow (1964; lichte fantasy)
  • The Day Jean-Pierre was Pignapped (1964; berneboek)
  • Mrs. Harris, M.P. (1965; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Mrs. 'Arris Goes to Parliament; licht komyske roman)
  • The Day Jean-Pierre Went Round the World (1965; berneboek)
  • The Golden People (1965; sport)
  • The Man Who Was Magic (1966; licht komyske roman)
  • The Story of Silent Night (1967)
  • The Revealing Eye (1967)
  • Gallico Magic (1967)
  • Manxmouse (1968; licht komyske roman
  • The Poseidon Adventure (1969; ramperoman)
  • The Day Jean-Pierre Joined the Circus (1969; berneboek)
  • Matilda (1970; licht komyske roman)
  • The Zoo Gang (1971; licht komyske roman)
  • Honourable Cat (1972; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Honorable Cat; ferhalebondel)
  • The Boy Who Invented the Bubble Gun (1974; licht komyske roman)
  • Mrs. Harris Goes to Moscow (1974; yn 'e Feriene Steaten publisearre as Mrs. 'Arris goes to Moscow; licht komyske roman)
  • Miracle in the Wilderness (1975)
  • Beyond the Poseidon Adventure (1978)
  • The House that Wouldn't Go Away (1979; licht komyske roman)
  • The Best of Paul Gallico (1988)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.