Paul Christiaan Bos

Ut Wikipedy
"Poartsje fan Koarnjum by Nacht"
potlead en kryt op Ingres papier
"Pyter"
potlead, pigminten mei krêft yn spesjaal dêrfoar preparearre grûn grifke

Paul Christiaan Bos (Heemstede, 4 septimber 1956) is in byldzjend keunstner út Mûnein.

As jonkje hat Paul lang siik west en moast doe op bêd lizze. Syn fantasijën út dy tiid binne de boarne wurden foar syn lettere wurk.

Yn syn gymnasiumtiid koed er him net fine yn it oanbod fan de keunstakademy's en begûn thús yn Soest as autodidakt oan jierrenlange eksperiminten mei materialen en techniken dy't er kombinearre mei stúdzje fan de âlde masters. De skilder en etser bestudearre de âlde masters en benammen Jan van Eijck (1390-1442) wie in boarne fan ynspiraasje. Ek syn skilderjen is like ambachtlik as dat fan de âlde master. De iene laach (sels oanmakke) oaljeferve oer de oare jout in djippe yntinsiteit. Syn technyk en materiaalbehearsking brûkt er by grafyske techniken, oaljeferve of tempera, guasj en akwarel, mar ek potlead, pastel en sulverstift. Troch de ljochtwurking dy't er tapast wurdt er ek wol de 'Moderne Rembrandt' neamd.
Mei in soad geduld tekenet er perfeksjonearre beammen, blommen en bisten. De detaillearre eleminten en lânskippen dogge bytiden surrealistysk oan. Der hinget benammen yn syn iere wurk wat in mearkeëftige sfear. De wrâld is hast te moai om wier te wêzen. Syn lettere wurk bestiet faker út lânskippen, wêrûnder stikjes Fryslân. Sa skildere er in feart troch in doarp yn It Bilt en de poarte fan Koarnjum. Bos skildere boppedat in soad portretten. Syn earste skilderingen binne minder 'glêd' as de lettere wurken. Der binne wurken by dy't hast wat pop-art-eftich oandogge.
Syn wurk wie te sjen yn galery Noardvleugel Fogelsanghstate yn Feankleaster en yn galery De Phoenix yn Ljouwert. Paul Christiaan is auteur fan it boek Verwonderd zien: van Paul Christiaan Bos, schilder en etser

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: