Patronym

Ut Wikipedy

In patronym (Latyn foar "heitenamme") is in ûnderdiel fan 'e namme fan in minske dat basearre is op 'e foarnamme fan jins heit, pake of in oare manlike foarfaar. Sokke nammen komme tsjintwurdich yn 'e Westerske wrâld meast yn ferstienne foarm as efternammen foar, wêrby't se dus net mei eltse generaasje mear feroarje. Wiere patronimen wurde lykwols ek noch altyd brûkt, net selden yn kombinaasje mei ferstienne foarmen. It tsjinstelde fan in patronym is in matronym, in namme dy't basearre is op 'e namme fan jins mem, beppe of in oare froulike foarmem.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân en Fryslân wiene patronimen yn kombinaasje mei foarnammen oant de iere njoggentjinde iuw de meast foarkommende nammefoarm. Yn Fryslân waarden sokke nammen foarme troch oan 'e foarnamme de foarnamme fan 'e heit ta te foegjen, foarsjoen fan 'e genityfútgong -s oan 'e ein (lykas Minne Simens, "Minne, soan Simen"). Yn Nederlân waard genityfútgong op -s noch folge troch it tafoechsel -zoon, dat dan wer gauris ôfkoarte waard ta -z. (lykas Willem Beukelszoon of Willem Barentsz.).

Doe't ûnder de Frânske Tiid yn 1811 fan hegerhân oplein waard dat eltsenien in fêste efternamme oannimme moast, waarden sokke patronimen oerstallich en rekken se yn it grutste part fan Nederlân al gau yn ûnbrûk. Yn Fryslân hold men der lykwols noch lange tiid oan fêst, en dêr wurde se sels hjoed oan 'e dei noch wol brûkt, hoewol't dat almar fierder belunet. Bekende Friezen dy't noch folop gebrûk makken fan harren patronym wiene bgl. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), Piter Jelles Troelstra (1860-1930), Piter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961) en Sjirk Frânses van der Burg (1917-2008).

Yn beskate dielen fan súdlik Nederlân wie it foarhinne ek wenst om èn in patronym èn in efternamme te brûken, bygelyks 'Jan Jans van Galder'. Soms waarden dêrby meardere generaasjes neamd: 'Gerrit Peters Wouters Jans van der Schuur' ("Gerrit, soan fan Peter, soan fan Wouter, soan fan Jan"). Yn it Noardbrabânske Liessel spriek men oant koartby noch fan 'Tijsse Toontjes Grardje' as men Grard Janssen (1878-1951), soan fan Toon Janssen en pakesizzer fan Tijs Janssen, bedoelde. Yn it Nederlânsk bestie foarhinne foar froulju it patronym -dochter, lykas by Kenau Simonsdochter Hasselaer. Om't it Frysk mei inkeld de genityfútgong -s it geslacht fan 'e drager yn 'e midden liet, kaam dy foarm yn Fryslân net foar.

Ferstienne patronimen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Ferstienne patronym.

In protte fan 'e efternammen dy't yn 1811 troch de Nederlanners en Friezen oannommen waarden, wiene eins patronimen. Earder feroaren dy mei de generaasjes: as in man dy't Abe hiet bygelyks in soan krige dy't Piter hiet, dan wie dat 'Piter Abes'. Krige dy in soan dy't Sikke kaam te hjitten, dan wie dat Sikke Piters. En as dy in soan krige dy't wer Abe hiet, dan wie dat Abe Sikkes. Om't sokke feroarings mei de nije efternammen net foarkamen, sprekt men fan ferstienne patronimen. Dêrby moat men tinke oan efternammen as Willems, Peters, Jansen en Pietersen, en yn Fryslân ek Binnema ('soan fan Binne') en Jansma ('soan fan Jan').

Ferstienne patronimen komme ek yn oare lannen in protte foar. Bygelyks Ingelsk: Johnson ('soan fan John'), Williams ('soan fan William'), Fitzgerald ('soan fan Gerald'); Iersk: O'Connor (fan Ó Conchobhair, 'pakesizzer of ôfstammeling fan Conchobhar'); Noardgermaansk: Anderson ('soan fan Anders'), Jørgensen ('soan fan Jørgen'); Russysk: Iljin ('fan Ilja'), Petrov ('fan Petr'), Grigorovitsj ('soan fan Grigory'); Skotsk-Gaelysk: MacAllister ('soan fan Alistair'); Servysk en Kroätysk: Stefanović ('soan fan Stefan'), Mladić ('soan fan Mladen'); Spaansk: Fernández ('soan fan Fernando'), Rodríguez ('soan fan Rodrígo'); Welsk: Powell (fan ap Hywel, 'soan fan Hywel').

Wiere patronimen yn it bûtenlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fral yn Ruslân en guon oare Eastslavyske gebieten wurde patronimen noch in protte brûkt. Dêrsanne makket de saneamde отчество (otsjestvo), sa't it patronym dêr neamd wurdt, noch altyd diel út fan de offisjele namme, yn 'e mande mei foar- en efternamme. Yn Ruslân wurdt it patronym yn alle offisjele dokuminten fermelden, mar net yn 'e reispas en oare dokuminten dy't foar it gebrûk yn it bûtelân bedoeld binne. Yn it Russysk wurdt Vladimir Uljanov, de soan fan Ilja, oantsjut as Vladimir Iljitsj Uljanov (-jevitsj of -ovitsj betsjut "soan fan", -jevna of -ovna betsjut "dochter fan"). Om't yn Ruslân frijwol nea mear as ien foarnamme jûn wurdt, helpe patronimen dêr om ferskillende persoanen mei deselde foar- en efternamme útinoar te hâlden. It oansprekken mei fan in persoan mei foarnamme en patronym wurdt yn Ruslân as de meast fatsoenlike en offisjele oansprekfoarm beskôge; it oansprekken mei allinnich it patronym wurdt lykwols as utering fan minachting sjoen, hoewol't it ek sympaty útdrukke kin by familiêr gebrûk, bygelyks yn it petear tusken in kastlein mei in stamgast.

Fierders binne Iislânske nammen noch poere patronimen, mei't yn Iislân nea wiere efternammen ynfierd binne. De 'efternammen' fan Iislânske manlju wurde sadwaande opboud út 'e foarnamme fan harren heit, in genityf-s en it wurd -son ("soan"), bgl. Sveinbjörn Beinteinsson, 'Sveinbjörn Beintein syn soan'). By Iislânske froulju wurdt de foarnamme fan 'e heit mei in genityf-s keppele oan it wurd -dóttir ("dochter"), lykas by Auður Jónsdóttir, 'Auður Jón syn dochter'. Dat hat as gefolch dat Iislanners yn alfabetyske listen wol by bruorren en susters steane, mar net by oare famyljeleden, om't dy allegear in oar patronym hawwe.

Ek yn Semityske talen komme patronimen noch in protte foar. Yn it Arabysk giet it dêrby om 'e namme fan 'e heit dy't foarôfgien wurdt troch it tuskenheaksel "ibn" (of yn 'e sprektaal "bin"). It Hebriuwsk hat de besibbe foarm "ben". Sawol ibn as ben betsjut "soan fan", mar yn it moderne Hebriuwsk wurdt dizze oantsjutting net folle mear as wier patronym brûkt; as ferstienne patronym komt it noch wol foar. Yn it Arabysk is it gebrûk fan ibn noch tige algemien, en dêrby wurde faak wol fjouwer of fiif generaasjes opneamd, lykas by Abdûlazyz ibn Abdûl Rachman ibn Faisal ibn Toerki ibn Abdûlla ibn Mohammed al-Saûd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.