Partituer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De partituer is de hantlieding foar de dirigint by de útfiering fan in muzykstik troch in orkest. Yn de partituer binne - foar sa fier mooglik - de tinzen fan de komponist omset yn lêsbere blêdmuzyk, al of net mei tekstuele tafoegings. Yn de partituer steane alle partijen ûnderinoar syngroan op de maatbalke oanjûn sadat de dirigint foar alle partijen tagelyk sjen kin wat op in bepaald stuit de bedoeling is.