Papieren fleanmasine
Ut Wikipedy
In papieren fleanmasine is in boartersfleanmasine makke fan papier.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tearde fleanmasines
It populêrst binne papieren fleanmasines dy't út ien stik papier teard binne, feitliks in ienfâldige foarm fan tearkeunst. Hast eltsenien kin sa'n fleanmasine teare, en dy yn de loft goaie om te sjean hoe fier of hoe lang at dy fleane kin.
- It langst ea hat in papieren fleanmasine fan Ken Blackburn flein; op 8 oktober 1998 bleau syn fleanmasine 27,6 sekonden yn 'e loft.
- It fierst ea hat in papieren fleanmasine fan Tony Feltch flein; op 21 maaie 1985 kaam syn fleanmasine 193 foet fier.
[bewurkje seksje] Printe fleanmasines
Njonken tearde papieren fleanmasines binne der ek fleanmasines dy't bouwd binne út hurd, kartoneftich papier, faak mei it úterlik fan in fleanmasine der op printe.
[bewurkje seksje] Grutste
De grutste papieren fleanmasine is yn 1995 boud troch studinten fan de Technyske Universiteit Delft. De fleanmasine wie 14 meter breed oer de wjokken, en op 16 maaie 1995 hat er 34,80 meter flein.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Origami-kids - Papieren fleanmasines en boaten Ingelsk

