Palo Alto
Ut Wikipedy
Palo Alto is in stêd oan de súdpunt fan de Baai fan San Fransisko, Kalifornje yn de Feriene Steaten.
De stêd is ferneamd nei in 33 meter hege beam, "El Palo Alto" (Spaansk: palo, betsjut "stôk'", alto is "heech"; palo alto is "hege beam".), dy't yn in park by de de stêd stiet. Dy beam is in kustmammoetbeam (Sequoia sempervirens), in offisjeel histoarysk monumint yn Kalifornje.
Palo Alto leit yn de Silicon Valley. De ferneamde Stanford universiteit is dêr festige. In tal wichtige high-techbedriuwen sa as Hewlett-Packard, Sun Microsystems en Facebook hawwe harren haadkantoaren yn de stêd. De eardere CEO fan Apple, Inc., Steve Jobs, wenne yn Palo Alto.
Yn 2000 hie Palo Alto 58.598 ynwenners.