Palmpeaske

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De yntocht fan Jezus in Jeruzalim

Palmpeaske, ek wol Palmsnein neamd, is de lêste snein fan de festeltiid, dêrmei de snein foar Peaske, fanâlds de twadde snein fan de Passytiid, mar benammen wichtich as de earste dei fan de Goede Wike. Op Palmsnein wurdt de blide yntocht fan Jezus Kristus yn Jeruzalim fierd.

Sûnt C. v.d. Graft yn 1906 in ûndersyk ynstelde nei gebrûken op Palmpeaske is de omgong mei fersierde palmpaaskes (palm, palmsondach, palmpaosien) yn Fryslân op in soad plakken ferdwûn. Tradisjoneel bestiet it noch yn Akkrum en yn doarpen fan Weststellingwerf. Nei de oarloch is besocht it Palmpeaskerinnen yn te fieren of opnij mei te begjinnen wêrby't safolle mooglik by de tradysje oansluten wurdt. Op Palmpeaske wurdt op de Aldebiltdyk en by de Swarte Haan koaitsjetipele, organisearre troch de kastleins.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Palmpasen.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen