Palmgier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Palmgier
Gypohierax angolensis.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Haukeftigen (Accipitridae)
soarte
Gypohierax angolensis
Gypohierax angolensis

De Palmgier (Gypohierax angolensis) is een soart út de ûnderfamylje fan de Aldewrâldgieren (Aegypiinae). Yn it ingelsk wurdt der ek wol 'Vulturine Fish Eagle' neamd, dus as in giereftige earn. Oanlieding hjirfoar binne syn itensgewoanten, dy't net oerienkomme mei dy fan de oare gieren.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De fûgel is sa'n 56 oant 65 sm. grut en waacht in 1,3 oant 1,8 kg. De wjukspanwiidte leit tusken de 130 en 150 sm. Palmgieren binne ien fan de pear gieresoarten mei fearren op de hals, wylst sy hast net fan grutte kadavers ite en dêrtroch ek gjin bloed yn de fearren krije.
De keale hûd om de eagen is meast wat readeftich. De snaffel en de eagen binne giel, ek de poatten binne fiel as ek wol fleiskleurich. De fûgel hat swarte en wite fearren.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

It iten fan de Palmgier bestiet foar it grutste part út de nuten fan de oaljepalm, mar ek wol dadels en oare fruchten. It is de ienigste rôffûgel dy't dit docht. Hy hinget by it iten fan de fruchten fan de palmbeammen faak ûnderstboppe yn de oan de takken.
Fierder ite de fûgels ek wol libbene fisken dy't se yn it wetter fange mar ek wol oare ynsekten en lytse dieren, sa no en dan ite se ek wol aas.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Palmgier komt foar yn Afrika, súd fan de Sahara. De fûgel ferbliuwt it leafst oan de wetterkant en der moatte ek oaljepalmen foarkomme.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It nêst is meast ien yn in hege beam op 10 oant 30 meter hichte, somtiden ek wol yn in hoale. It nêst wurdt makke fan tûken fan oaljepalmen en wurdt faak alle jieren wêr brûkt. Oan de binnenkant wurdt it nêst beklaaid mei gers en dong. It wyfke leit ien wyt aai mei in protte donkerbrune oant lila plakken. It aai wurdt yn fiif wike útbret. De jongen fleane nei sa'n trije moanne út mar bliuwe meast wol yn itselde gebiet.