Paleontology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In paleontolooch tikt foarsichtich stiennen fuort út in rêchbonke fan in fossile dinosauriër.

Paleontology (Gryksk: παλεον (paleon): âld) is de wittenskip dy't him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan de ûntwikkeling fan it libben op ús planeet yn it geologysk ferline en basearre op alle fossile resten of spoaren fan planten en dieren, (û.o. fan dinosauriërs). De paleontology omfiemet krektsa it bestudearjen fan de ôfstamming en besibbens fan útstoarne soarten mei dat fan de tsjintwurdige organismen, harren libbensomjouwing (paleomiljeu) en de gronology fan de geologyske skiednis fan de Ierde.

De paleontology is in tige mearsidich en komplisearre eksakte wittenskip, dy't by de ierdwittenskippen heart.