Paapke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Paapke
Saxicola rubetra 2 tom (Marek Szczepanek).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Passeriformes (Sjongers)
Famylje: Muscicapidae (Miggesnappers)
soarte
'Saxicola rubetra'
Mantsje paapke

It paapke (Saxicola rubetra) is in lytse sjongfûgel, dy't eartiids yndield wie by de lysterfûgels, Turdidae. Neffens nije opfettings heart de fûgel ta de ûnderfamylje fan de saxicolinae en de familie fan de miggesnappers (fan de Alde Wrâld), Muscicapidae. It paapke is nau besibbe oan de readboarstfitop (Saxicola torquata) dêr't er ek in soad op liket.
De latynske namme fan it paapke betsjut 'readeftige bewenner fan rotsen'. It is in kompakt boud fûgeltsje mei brune streekjes, in ljochte boarst en in koarte sturt. It mantsje is wat sprekkender tekene en hat in readich boarst. Mantsje en wyfke hawwe beide in dúdlike eachstreek. Paapkes komme yn it briedseizoen yn suver hiel Europa foar. It is in typyske Europeeske soarte, mei't 95 % fan alle paapkes yn de wrâld dêr foar komme. Hy oerwinterret yn Afrika.

Status yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

It paapke wie foar 1940 noch in frijwat algemiene fûgel. Sûnt 1945 is de fûgel stadichoan yn de bedelte rekke, foaral yn it kultuerlânskip, dêr't er no út ferdwûn is. Om 1960 hinne wienen der faaks noch trije- oant fjouwertûzen briedpearen.[1] Neffens SOVON sakke it tal briedpearen yn de perioade 1990-2007 en bretten der yn 2007 noch sa'n 600 pear yn Nederlân.[2]
De soarte is yn 2004 as bedrige op de Nederlânske reade list byskreaun. Ynternasjonaal liket it sa mâl net, want it paapke wurdt noch as 'feilich' beskôge op de ynternasjonale IUCN reade list.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Lysters en Muscicapidae

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 90-74345-21-2
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van het paapje in Nederland
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Saxicola rubetra en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.