Otto II fan Lippe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Otto II fan Lippe ferflokt Rudolf fan Coevorden.

Otto fan Lippe (ek: Otto fan der Lippe of Otto II fan Utert) (stoarn yn Ane ûnder Coevorden, 28 july 1227) wie biskop fan Utert fan 1216 oant 1227. Hy wie in soan fan greve Bernhard II fan Lippe en Heilwig fan Ahr.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Otto II wie domproast yn Utert en hie syn beneaming ta biskop te tankjen oan de greven fan Hollân en Hartochdom Gelre. Hy die yn 1217/1218 mei oan de belegering fan Damiate yn Egypte yn de fyfde krústocht. Hy wreide syn jurisdiksje út ta de stêd Utert en stelde nije tollen yn om oan mear jild te kommen. Hy befjochte Hollân en Gelre en tekene yn 1226 in frede dy't geunstich foar him wie.

Ekspedysjes[bewurkje seksje | edit source]

Lykas syn foargongers hie er te krijen mei oproer yn it Oersticht. Yn 1224 kamen ridders en boeren fan Sallân yn opstân. Otto fan Lippe gie de striid oan en makke de burcht fan de hearen fan Voorst mei de grûn lyk.[1]

Hy mingde him ek yn de striid yn Grins tusken de partij fan de prefekt en de boargerpartij fan de Gelkingen dy't stipe troch burchgreve Rudolf II fan Coevorden de stêd belegere. Hy besocht de prefekt te helpen en luts op tsjin de Drinten, mar sneuvele yn de slach by Ane wylst syn leger ferslein waard. Troch syn ekspedysjes rekke it bisdom sterk ferearme.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hove, ten J. (2005). Geschiedenis van Zwolle Swol: Waanders. ISBN 90-400-9050-5