Oso (Washington)

Ut Wikipedy
Oso
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Snohomish County
Sifers
Ynwennertal 180 (2010)
Oerflak 9,6 km²
Befolkingsticht. 26,2 / km²
Hichte 63 m
Oar
Postkoade 98223
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten

Oso is in gemeentefrij plak yn Snohomish County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit bewesten Darrington, besuden de noardlike ôfsplitsing fan de rivier de Stillaguamish en sa'n 80 km benoarden Seattle. It hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 180 minsken. It plakje is ferneamd wurden om de modderstream fan Oso op 22 maart 2014, sa'n 6 km beëasten fan it plak.[1] Der wiene 30 minsken om it libben kommen en der misse noch sa'n 30 minsken. Dy modderstream wie útsein fulkaanútbarstings, ierdskoddings of ynstoarten fan damen de grutste modderstream yn de skiednis fan de Feriene Steaten.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. http://www.usgs.gov/blogs/features/usgs_top_story/landslide-in-washington-state/?from=title
  2. http://www.wunderground.com/blog/weatherhistorian/comment.html?entrynum=258